Bonifatiuskapel (Hoarnstersweach): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
Dizze Bonifatiuskapel komt net allinnich op âlde kaarten foar, mar ek yn it [[Piter Dekema]]-argyf stiet in oantekening út [[1565]], wêryn't ûnder [[Hoarnstersweach]] in tal landerijen fermelden wurde mei de notysje: ''nog opt noord van desen plecht bonifacity cabelle in t feen te staen''. Yn itselde argyf sit in keapbrief fan eigendommen yn Hoarnstersweach út [[1552]], dy't lizze ''van den alleroudsten leidijk naast de akkerseinden, welke men in voortijden placht te gaan naar St.Bonifaciuskapel''. Dit paad sil sawat lein hawwe wêr't de "Kapellewei" rint. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan [[1718]] stiet de "Bonifacius Capelle" noch oanjûn en wol noard fan de ''Feenscheidende Greppel tusschen Opsterland en Schoterland 1716 gemaakt''.
 
Neffens de leginde oernachte [[Bonifatius]] yn [[754]] yn de Bonifatiuskapel op de [[Kapellepôle]]. By de kapel hearde in klok mei in gouden bingel. Rôversguod, sa die bliken. Want tagelyk mei Bonifatius oernachte dêr ek in ferdwaalde [[Franken|Frankyske]] soldaat út it leger fan [[Karel Martel]]. Dy soldaat waard habberich en rôfde de gouden bingel út de klok. Mar op it selde stuit berikte de bliksem syn doel en ûnder in alderheislikste tongerslach foel de soldaat mei bingel en al yn in djip gat yn de grûn: de putBonifaciusput. Sûnt dy tiid hat de kapelle gjin klok mear, mar op stille simmernachten soe it klokje nachts on 12 oere noch te hearre wêze. Fan dizze skiednis hat [[Goaitsen Burgy]] it fers “De gouden klok” makke.
 
[[Kategory:Hoarnstersweach]]