Ferskil tusken ferzjes fan "Hartochdom Boergonje"

redaksje
(Fan nl.)
(redaksje)
}}
 
It [[Hartochdom Boergonje]] wie tusken [[880]] en it begjin fan de [[15e ieu]] in [[feodalisme|feodaal]] gebiet mei in soad selsstannichheid yn it [[Frânske ryk]]. It bestie út in grut part fan de feriene Boergonjeske gewesten, haadstêd wie [[Dijon]]. Boergonje waard regearreregeard troch hartoggen, wêrfan [[Karel de Stoute]] de lêste wie. Hy ferstoar yn [[1477]], wêrnei't it súdlike part fan it hartochdom ûnder de Frânske kroan fan Kening [[LouisLoadewyk XI fan Frankryk|LouisLoadewyk XI]], wylst de [[Lege Lannen]] by [[Habsburch]] kamen.
 
== Untstean ==
Nei dat [[Gûndomar II]] tsjin [[Lotarius]] en [[Childebert]] yn [[534]] waard ferslein waard, waard it eardere [[keninkryk Boergonje]] in part fan it Frankyske Ryk. It huldhâlde wol in aparte status, want de âlde wetten fan it lân bleaunenbleaune bestean. Stadich oanStadichoan ferwettere it ûnderskieûnderskied tusken Franken en Boergonjers en assimilearren de folken yn [[Latyn]]sksprekkendesprekkende befolking om harren hinne. Dit Boergonjeske part fan it Frankyske Ryk lei yn de hiele [[Rhône]]delte, benammen de hjoeddeiske regio’s [[Rhône-Alpes]] en [[Provence-Alpes-Côte d’Azur]]. By it [[Ferdrach fan Ferdun]] foel it westlike part fan Boergonje yn [[West-Fransje]] en it eastlike yn [[Midden-Fransje]].
 
It noard-westlike, of Frânske, part fan Boergonje waard in hartochdom ûnder de [[Frankryk|Frânske]] kroan yn [[880]], doe’t de Frânske kening [[Karel II]] de titel fan Hartoch fan Boergonje oan syn sweager [[Richard fan Autûn]] skonk. Dizze line huldhâlde stân oant [[1004]], doe’t Boergonje waard anneksearre troch [[Hindrik I]]. De lêste hartoch, [[Otto-Willem fan Boergonje|Otto-Willem]], hie gien soannen. Boergonje waard yn namme wer ûnôfhinklik yn [[1032]], doe’t Hindrik de titel skonk oan syn broer[[ Robert I Kapet]].
 
== Hûs fan Falois ==
It Hûs fan Kapet kaam oan de ein mei de dea fan Filips I fan Boergonje, dy’t gjin bern hie, yn [[1361]]. [[Karel de LulkeLilke]], kening fan [[Navarra]], kleemde no de titel, mar dit wie net te akseptearjen foar Frankryk: Navarra stipe [[Ingelân]] yn de [[Hûndertjierrige Oarloch]] tusken Ingelân en Frankryk. De Frânske kening [[Jan II fan Frankryk|Jan II]] skonk de titel oan syn soan [[Filips de Stoute]], wêrmei it Hûs fan Falois begûn.
 
Under Filips en syn soan [[Jan sûnder Eangst]] waard Boergonje, de jure fan [[fasal]] fan de Frânske kening, in bedriging foar de Frânske troan. [[Karel VI fan Frankryk|Krael VI]], de pakesizzer fan Jan II, wie dwylsinnich, en Filips hie de Frânske troan op easkeopeaske. Syn grutste tsjinstanner wie [[Loadewyk fan Orléans]], in jongere broer fan Karel VI. Yn [[1407]] fermoarde Jan sûnder Eangst Loadewyk, en alhoewol’t Jan absolúsje krige fan Karel VI, waarden de relaasjes net wer goed.
 
De Ingelske kening [[Hindrik V fan Ingelân|Hindrik V]] hie yn de geheim in ferbûn mei Jan sûnder Eangst sletten en by de [[Slach fan Agincourt]] wienen Boergonjeske militêren net oanwêzich. It Frânske leger waard yn dy slach fernietige. Yn [[1418]] feroveren Boergonjeske militêren [[Parys]], mar de dauphin [[Karel VII fan Frankryk|Karel VII]] koe ûntkomme. Karel de Dwylsinnige waard troch Boergonje ûnder druk setten om net Karel VII, mar de soan fan Hindrik V as troanopfolger te beskôgjebeskôgjen. Hjirmei waard de troan fan Frankryk nei Ingelân oerjûn.
 
Yn [[1419]] waard Jan sûnder Eangst op [[10 septimber]] fermoarde troch militêren fan de dauphin, mar dit koe net tsjingean dat op [[6 novimber]] [[1429]] net Karel VII, mar de jonge [[Hindrik VI fan Ingelân]] de Frânske troan krige. Jan syn soan [[Filips de Goeie]] wie no hartoch fan Boergonje, en mei diplomatike setten bewarre hy de frede mei it leger fan de dauphin en Ingelân. Filips slagge deryn syn ryk út te wreidenwreidzjen mei parten fan de Lege Lannen. Tsjin [[1451]] omfieme it Boergonjeske gebiet de Lege Lannen, útsein [[Fryslân]], [[Gelre]] en [[Brabân-Limboarch]] en ek sûnder [[Luik]] en in tal lytsere gebieten dy’t nea ta de [[Santjin Provinsjes]] heard hawwe. Gelre en Brabân-Limboarch wienen doe al fasallen en ek [[Lúksemboarch]] kaam ûnder it bewâld fan Boergonje. Yn it hjoeddeiske Frankryk kamen ek [[Arteesje]] en [[Pakardië]], parten fan Lotaringen, neist de âlde kearn fan Boergonje by it Boergonjeske gebiet. De hartoggen wienen no op it hichtepunt fan harren macht.
 
Under Filips syn soan Karel de Stoute waard de Boergonjeske macht sintralisearre yn de rike en ekonomysk wichtichste Lege Lannen, nei dat yn [[1430]] ek Brabân-Limboarch definityf by Boergonje kaam nei de dea fan [[Jan IV fan Brabân]]. De haadstêd fan it ryk waard nei [[Brussel]] ferpleatst. Karel besike syn besittingen noch fierder út te wreidzjen mei diplomatike en militêre aksjes. Dat ferrûn yn it begjin tige goed, mar yn [[1477]] kaam Karel om yn de [[Slach by Nancy]] tsjin Lotaringen en [[Switserlân]]. Frankryk makke gebrûk fan de sitewaasje om grutte parten fan it ryk, wêrûnder Boergonje sels, yn it besit te krijen.
 
== Bestjoer ==
Mei Filips de Goeie begûn in Boergonjeske sintralisaasjepolityk. Der waard in ienheidsmunt ynfiertynfierd en de sintrale ynstellings waarden lyk foar alle gewesten. Neist de foarst wie der in Hofrie dy’t syn persoanlik advysorgaan wie. Dizze Hofrie krige stadich oanstadichoan ek politike macht. De [[rekkenkeamer]] wekke oer de finânsjes en de [[Grutte Rie fan Mechelen]] krige de rjochterlike macht. Om dizze funksjes yn te follefoljen waard brûk makke fan [[amtner]]s.
 
== De ein ==
Karels dochter [[Maria fan Boergonje]] wie no de erfgenaamerfgenamt fan de Lege Lannen, en har hân waard troch in soad minsken socht. De Frânske kening [[Loadewyk XI fan Frankryk|Loadewyk XI]] hope dat sy houwe soe mei syn soan Karel, om sa ek de Lege Lannen ûnder syn bewâld te krije. Mar Maria houde yn 1477 mei de [[Eastenryk]]ske aartshartoch [[Maksimiliaan I fan Eastenryk|Maksimiliaan]]. De Boergonjeske lannen, sûnder Boergonje sels, kamen yn it besit fan Habsboarch. It Habsboarchske Boergonje, dat wol sizze: de Boergonjeske Nederlannen, en fan 1493 ôf, ek [[Franche-Comté]], letter tegearre de Boergonjeske [[Kreits]] fan it [[Hillige Roomske Ryk]], soe yn [[1543]] ek Gelre en Fryslân derby krije, wêrmei de Santjin Provinsjes ûnder ien hearsker kamen.
 
Yn namme bleaun Boergonje bestean, mar it soe gjin wichtige rol mear spylje, it waard de âlde provinsje en de hjoeddeiske regio [[Bourgogne]].
 
Yn namme bleaun Boergonje bleau bestean, mar it soe gjin wichtige rol mear spylje, it waard de âlde provinsje en de hjoeddeiske regio [[Bourgogne]].
 
[[Kategory:Skiednis]]
[[af:Hertogdom van Boergondië]]
[[ar:دوقية بورغونيا]]
Anonime meidogger