Sjoernalist: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 14:
 
==Beropsorganisaasjes==
Yn Nederlân kin elts artikel dat produsearre wurdt troch in sjoernalist neisjoen wurde troch in ûnôfhinklike kommisje dy’t dêr bûten stiet. Yn Nederlân bard dat troch de [[Rie foar de Sjoernalistyk]]. Eltsenien dy’t him troch in artikel beneidield field, kin nei dizze rie gean. Mar de rie hat gjin twingende middels om te straffen.
 
Foar de sjoernalisten sels is dêr de [[Nederlânske Feriening fan Sjoernalisten]], it âldste fakbûn fan Nederlân. Studinten sjoernalistyk, sjoernalisten yn leantsjinst, selsstannigen en foarljochters kinne lid wurde fan it bûn.
 
Ek is er it [[Nederlânsk Selskip fan Haadredakteuren]] (Nederlands Genootschap van Hoofdredacteuren), it is in oerlisorgaan fan de haadredakteuren fan Nederlânske kranten, tydskriften, parseburo’s, radio- en televyzjeprogrammen en hiemsiden. Dizze organisaasje hat der ûnder oare foar soarge dat der in gedrachskôde foar Nederlânske sjoernalisten is.
 
Ynternasjonaal is der de organisaasje [[International Federation of Journalists]].
 
==Oplieding==