Sjoernalist: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 23:
 
==Oplieding==
Yn Nederlân binne der [[Heger Berops Underwiis|HBU]]-stúdzjes sjouernalistyksjoernalistyk yn [[Rotterdam]], [[Swol]], [[Tilburch]], [[Utert (stêd)|Utert]], [[Ede]] en [[Amsterdam]]. Yn Amsterdam heard de oplieding Nijs en Media. Alhoewol’t by it meastepart de stúdzje fjouwer jier duorret, kinne studinten oan de stúdzjes yn Rotterdam, Utert en Swol de stúdzje yn trije jier dwaan, de saneamde ‘fersnelde rûte’.
 
Nei it klear krijen fan dizze bachelor oplieding krijt de persoan de ynternasjonaal werkenbere graad Bachelor of Journalism (BJ). Tsjintwurdich is it yn Nederlân ek mooglik om in universitêre ferfolchstúdzje te dwaan yn de sjoernalistyk oan de [[Erasmus Universiteit fan Rotterdam]], de [[Universiteit fan Amsterdam]], de [[Frije Universiteit Amsterdam]], de [[Universiteit Leien]], de [[Universiteit Utert]] of de [[Ryksuniversiteit Grins]], alle liedzjende ta de universitêre graad Master of Arts (MA). Ek in tal hegeskoallen yn Nederlân biede ferfolchstúdzjes oan, mar dizzen liede ta de profesjonele Master of Journalism (MJ). Dizze masterstúdzjes wienen earder al yn oare lannen mooglik.
 
==Soarten sjoernalisten==