Fagot: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ro:Fagot (instrument)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: ro:Fagot; tekstwiziging
Rigel 3:
 
== Bou ==
=== It reid ===
[[Ofbyld:Bassoon Reeds.jpg|thumb|Reidsjes fan in fagot]]
It reid is it stik fan de fagot dat foar it ûntstean fan lûd soarget. Troch it oanblazen begjint it reid te triljen en komt der lûd. It reid is krekt as by in [[hobo]] in dûbelreid, foarme troch twa licht bûgde reidblêden mei rûnings nei bûten.
Oarspronklik hongen dy twa blêden mei de tip oan elkoar. Om it reid te meitsjen wurdt it reid dûbelteard en wurde der lytse ynsnijïngs makke oan de efterkant. Troch dy ynsnijings kin it reid efteroan rûn makke wurde, sadat it op de 'S' past. De reidblêden wurde byinoar holden troch 3 ringen fan izertried en om it luchtticht te meitsjen wurdt it efterste stik mei neillak, jern of rubber tadutsen.
 
=== It ynstrumint ===
[[Ofbyld:Bassoon parts.jpg|thumb|ûnderdielen fan de fagot]]
It dûbelreid wurdt fêstmakke oan in losse bûgde metalen buis, de saneamde S-bocht of 'S', de beneaming 'bokaal' wurdt ek brûkt troch [[Belgje|BelgyskBelgyske]]e fagottisten (yn de figuer hjirneist oanjûn mei de letter '''e'''). Dy 'S' foarmet de ferbining tusken it reid en de oanelkoarkeppele dûbele houten buis. Dy houten buis bestiet winliken út fjouwer ûnderdielen: de flerkepiip ('''c''', in inkeldfâldige buis), de lears ('''d''', in blokhout mei twa boarrings, dy't ûnderoan mei elkoar ferbûn wurde troch in metalen U-bocht, dy't ôfdutsen wurdt troch in metalen kape), de baspiip ('''b''', inkeldfâldich) en de klankbeker ('''a'''), dy't meastentiids moai foarmjûn is en op 'e ein meast in wite ring hat.
 
In misbegryp is dat in fagot famylje fan de [[hobo]] wêze soe (fagot = bashobo?). Hobo en fagot ha elk as ynstrumint in hiel eigen ûntsteansskiednis en hawwe in eigen ûntjouwing trochmakke. De oerienkomsten binne: ynstruminten fan hout en oanblaasd troch in dûbelried. Dêr hâldt it mei op.
 
== Wize fan spyljen ==
 
It dûbelreid wurdt fuort tusken de lippen fan de fagottist nommen en troch it oanblazen dêrfan begjinne beide reidblêden te triljen. Dat triljen wurdt oerbrocht op de lucht dy't ynblaasd wurdt en sa ûntstiet in lûdsweach. De wize fan oanblazen is fan ynfloed op de klank en de lûdssterkte. Foar it meitsjen fan in kwalitatyf goede toan is in goede ''embouchure'' needsaaklik. As in fagottist in minne embouchure hat, klinkt de fagot gauris houterich en nasaal. Topfagottisten kinne lykwols net nei te kommen rûne, folle toanen meitsje dy't poergeskikt binne foar liryske en melangolyske passaazjes.
Rigel 25:
It noateskrift foar de fagot wurdt meast yn de bas- of F-kaai skreaun. By hegere passaazjes wurdt de tenoarkaai brûkt en hiel inkeld sjocht men de fioel- of G-kaai.
 
== Skiednis ==
It ynstrumint hat him ûntjûn út de ''dulciaan'' fan de [[renêssânse]]- en [[barok]]-perioade wei en is besibbe oan de [[skalmei]] en de [[pommer]]. De reden fan it ûntjaan fan iendielich ''dulciaan'' nei in fjouwerdielige fagot is net yn 't foarste plak it makliker ferfier, mar de gruttere krektens by it boarjen yn koarten houtstikken. In oare ferbettering út dy tiid is it brûken fan duorsume materialen, lykas ebbehout en ivoar. Yn de rin fan de tiid is de fagot hieltyd faker foarsjoen fan kleppen. Benammen yn de wurkpleatsen fan Heckel (foar it [[Dútsk]]e systeem en Buffet (foar it [[Frânsk]]e systeem is in soad dien oan it fierder ûntjaan fan it ynstrumint. Der is ûnder oaren wurke oan in keunststoffuorring yn de buizen fan de lears, om foar te kommen dat rotsjen troch kondinswetter begjint, en oan it oanbringen fan allerhande trilkleppen.
 
== Plak yn het orkest ==
Sûnt de [[18e ieu]] is de fagot in fêst lid fan it [[symfony]]-orkest. Under de houten blaasynstruminten hat it sawat deselde fol as de [[sello]] by de [[strykynstrumint]]en. Yn it klassike [[orkest]] dogge meast twa fagotten mei. Yn moderne grutte symfoanyske stikken binne gauris trije fagotten en in [[kontrafagot]] foarskreaun (der wurdt dan praat fan fjouwerdûbel hout). De kontrafagot klinkt noch in oktaaf leger as de faot. Yn dat ynstrumint is de buis noch in twadde kear teard.
Sûnt in tal jierren is de fagot in algemiene ferskining wurden yn it [[harmony]]-orkest of symfoanysk blaasorkest. Op syn minst twa fagotten en bytiden ek in kontrafagot foegje harren spesifike klank oan it blaasorkest ta.
 
== Fagotmuzyk ==
=== Solistyske stikken foar fagot ===
* [[Antonio Vivaldi (componist)|Antonio Vivaldi]] - 37 fagotkonserten
* [[Johann Christian Bach]] - fagotkonsert yn Bes
* [[Johann Wilhelm Hertel]] - fagotkonsert yn a, fagotkonsert yn Bes
* [[Wolfgang Amadeus Mozart]] - fagotkonsert yn Bes grut KV.191 (1774)
* [[François Devienne]] - 4 fagotkonserten en 6 sonates foar fagot en klavier opus 24
* [[Franz Danzi]] - fagotkonsert yn F, fagotkonsert yn g
* [[Johann Baptist Vanhal]] - fagotkonsert yn C en konsert foar twa fagotten en orkest yn F
* [[Jan Antonín Kozeluh]] - fagotkonsert yn C
* [[Carl Stamitz]] - fagotkonsert yn F, fagotkonsert yn Bes
* [[Carl Maria von Weber]] - fagotkonsert yn F grut W75 (1811)
* [[Carl Maria von Weber]] - Andante e Rondo ungarese yn c opus 35
* [[Johann Nepomuk Hummel]] - fagotkonsert yn F
* [[Alexander Ritter]] - fagotkonsert yn F
* [[Camille Saint-Saëns]] - sonate foar fagot en piano yn G op.168 (1921)
* [[Gordon Jacob]] - konsert foar fagot, strykynstruminten en perkusje
* [[Jurriaan Andriessen]] - concertino voor fagot en blazersensemble
* [[Georg Philipp Telemann]] - Lied ohne nahme
* [[Michael Haydn]] - Concertino per Fagotto
 
=== Orkeststikken mei promininte fagotpassaazjes ===
 
* [[Ludwig van Beethoven]] - Fioelkonsert yn D opus 61 (1808)
Rigel 64:
* [[Carl Nielsen]] - Humoreske Allegretto út symfony nr 6. yn G (1925)
 
=== De fagot yn de popmuzyk ===
Yn de [[popmuzyk]] wurdt de fagot komselden brûkt. In inkelde útsûndering:
* ''Tears of a Clown'' fan [[The Miracles|Smokey Robinson & the Miracles]]
Rigel 72:
* alle albums fan [[Gryphon]], in popgroep út begjin [[santiger jierren]] fan de [[20ste ieu]].
 
=== De fagot yn de jazz ===
Ek yn de [[jazz]] is de fagot noch gjin 'standert' ynstrumint. Wichtige promoaters foar jazz op 'e fagot binne de Nederlânske fagottist [[Jan-Willem van der Ham]] en syn [[Amerikaansk]]e kollega [[Michael Rabinowitz]].
 
== List fan bekende fagottisten ==
* [[Klaus Thunemann]]
* [[Sergio Azzolini]]
Rigel 85:
* [[Johan Steinmann]]
 
[[kategoryKategory:houtblaasynstrumint]]
 
[[bg:Фагот]]
Rigel 122:
[[pt:Fagote]]
[[qu:Phaqut]]
[[ro:Fagot (instrument)]]
[[ru:Фагот]]
[[scn:Truscia]]