Robert Wiene: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st.
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 2:
'''Robert Wiene''' ([[27 april]] [[1873]]–[[16 juny]] [[1938]]) wie in wichtich [[film regisseur]] fan de Dútske [[stomme film]].
 
Robert Wiene waard berne yn [[Breslau]],<ref>Doe yn [[Dútslân|Dútsk]] [[Sileezje]], no [[Wroclaw]] yn [[Poalen]]</ref> as de âldste soan fan de suksesfollesúksesfolle teaterakteur Carl Wiene. Syn jongere broer [[Conrad Wiene|Conrad]] waard ek akteur, mar Robert Wiene studearre earst Rjocht oan de [[Universiteit fan Berlyn]]. ynYn 1908 begûn er ek mei toanielspyljen, yn't earst oan lytse rollen. It earst wie er belutsen by in film yn 1912; doe skreau er it draaiboek foar ''Die Waffen der Jugend''.
 
De films dêr't er it meast mei ferbûn wurdt binne de horrorfilm ''It Kabinet fan Dr. Caligari'' (1920) en ''Raskolnikov'' (1923), nei [[Fjodor Dostojevski]]'s roman ''Misdied en straf'', dy't beide in grutte ynfloed hiene op de doetiidske Dútske film.
 
Nei't [[Hitler]] de macht oernaam hie yn Dútslân, ferfarreferfarde Wiene earst nei [[Boedapest]], dêr't er ''One Night in Venice'' (1934) regisearre, letter nei Londen, en úteinlik nei [[Parys]], dêr't er besocht om in lûdferzje fan 'It kabinet fan dokter Kaligary' te meitsjen, tegearre mei [[Jean Cocteau]].
 
Wiene stoar yn Parys oan kanker, tsien dagen foar de ein fan de produksje fan de spionaazjefilm ''Ultimatum''. De film waard ôfmakke troch Wiene's freon [[Robert Siodmak]].
 
== Filmografy (karút) ==
 
Kar út:
* 1919 (útbrocht yn 1920) 'It Kabinet fan Dr. Caligari'
* 1920 ''Genuine''
Rigel 28:
* [http://www.film-zeit.de/home.php?action=result&sub=person&person_id=12082 Biografy op film-zeit.de]
 
== Noaten ==
<references/>