Alexander Fleming: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: et:Alexander Fleming
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: su:Alexander Fleming; tekstwiziging
Rigel 6:
Fleming waard berne op Lochfield-farm yn Darvel yn [[East Ayrshire]], [[Skotlân]], as boeresoan. Fan 1901 oant 1906 studearre er [[genêskunde]] oan de ''St. Mary's Hospital Medical School'' yn [[Paddington]]. Nei ôfrin fan syn stúdzje bleaun er oan dat ynstitút ferbûn. Yn 1921 waard er pleatsferfangend haad, en yn 1946 [[direkteur]]. Yn 1948 waard de namme feroare ta ''Wright-Fleming Institute''. Fan 1928 oant 1948 hie Fleming de learstoel foar [[bakteriology]] oan de [[universiteit]] fan [[Londen]].
 
Yn septimber 1928 ûntdekte Fleming tafallich dat yn de buert fan beskate [[skimmel|skimmels]]s, dy't by ûngelok by ien fan syn baktearjekoloanjes rekke wie, gjin baktearjes waaksten. Fleming makke in ekstrakt fan dy skimmel en murk dat dy ferskate baktearjesoarten deadzje koe, wylst de proefdieren der gjin lêst fan liken te hawwen. Yn in [[wittenskiplike publikaasje]] út 1929 neamde er de stof ''penisilline'', en hâlde it derfoar dat it as [[genêsmiddel]] te brûken wie. De ûntdekking fan penisilline wurdt as in foarbyld fan [[serendipiteit]] (in tref) sjoen.
 
It yndie tapassen fan penisilline hat noch lang duorre, omt it bliken die dat de stof slim te isolearjen wie. Dat slagge [[Ernst Boris Chain]] en [[Howard Walter Florey]] earst yn 1940. Doe makke penisilline hurd opgong. Yn 1945 dielden Fleming, Chain en Florey de [[Nobelpriis foar de Fysiology |Nobelpriis foar Genêskunde]] "foar de ûntdekking fan penisilline en har hieljende wurking by ferskate ynfeksjesykten".
 
Fleming waard yn 1944 riddere, dat hy waard doe "[[Sir (titel)|Sir]]". Dêrneist krige er earedoktoraten fan 12 Amearikaanske en Jeropeeske universiteiten, waard er kommandeur yn it [[Frankryk|Franske]] [[Légion d'honneur]] (legioen aan eare) en 'earerektor' fan de universiteit fan [[Edinboarch]].
Rigel 79:
[[sl:Alexander Fleming]]
[[sr:Александар Флеминг]]
[[su:Alexander Fleming]]
[[sv:Alexander Fleming]]
[[sw:Alexander Fleming]]