Teology: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: hy:Աստվածաբանություն; tekstwiziging
wat ferwizings makke
Rigel 1:
'''Teology''' betsjut letterlik godslear. 'Teos' is [[Gryksk]] foar 'God'; 'logos' is 'lear,' 'kennis' of 'ferhanneling'. It wurd teology komt út de [[kristendom|kristlike]] tradysje en wurdt foaral brûkt foar de (stúdzje fan) de ynhâld fan it kristlike leauwen. It waard hieltyd mear neamd yn de [[12e ieu]] om it ferskil oan te jaan mei de [[filosofy]]. De teology sprekt út it hert, de filosofy fanút de rede.
 
De teology bestudearret de boarnen fan it [[leauwen]] (bibelske teology, histoaryske teology), de systematyske analyze fan it leauwen (systematyske teology) en hâldt har dwaande mei it leauwen sels (praktyske teology). Ta de teology hearre dêrom ek de bredere stúdzje fan alle godstsjinstige of religjeuze ûnderwerpen. Meastal wurdt teology apart beskôge fan de godstsjinstwittenskip.
 
== Sjoch ek ==
* [[Teolooch]]
 
[[Kategory:Religy]]