Teake van der Meer: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
bertejier |
st |
||
Rigel 1:
'''Teake van der Meer''' ([[De Westereen]], [[1936]]) is in [[Fryslân|Fries]] [[kabaretier]] en [[komyk]] út [[De Westerein]]. Hy is de soan fan Hindrik van der Meer en wurdt ek wol "Lytse Teake fan De Westereen" neamd. Mei syn famylje song er yn de fyftiger en sechtiger jierren Fryske lietsjes. Letter wurke Teake ek mei Fred Rootveld en de Musicals. Hy is ferneamd yn Fryslân om syn types en de hilaryske sitewaasjes dy't er sketst. Al syn programma's binne yn it Frysk. Hy hat meardere [[langspylplaat|platen]] en [[compact disc|cd]]'s makke mei syn programma's der op. Bekend waard er mei types as ''Appie mei Bello'', ''Auke Oargel'', ''Matsje fan Jan'' , ''Hindrikje'' en mear. Fan it iene op it oare momint krûpt er yn de hûd fan syn kreaasjes. As konférencier en fratsemaker fertelt er oan de de keukentafel fan mem en frou syn belevenissen en set syn eigen útsprutsene fraagtekens by it libben fan al den dei. Hy spilet sa fierder yn de trant fan foargongers as Lytse Sjoerd, [[Klaas Westra]] en [[Tetman de Vries]] mei teksten dy't er sels skriuwt.
Neist solo-optredens hat er syn show-cabaret, in jûnfoljend programma dat er docht mei toanielgûchelder/yllúsjonist
== Diskografy ==
|