Tjeerd Kuipers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
 
ferw.
Rigel 2:
De arsjitekt '''Tjeerd Kuipers''' ([[De Gordyk]], [[21 desimber]] [[1857]] - [[Laren (Noard-Hollân)|Laren]], [[13 novimber]] [[1942]]) is de ûntwerper fan mear as fyftich tsjerken, wêrfan't mar in pear bewarre bleaun binne. Hy wie de broer fan de arsjitekten [[Roelof Kuipers]] en [[Foeke Kuipers]].
 
Hy ûntwurp tusken [[1888]]-[[1928]] mear as fyftich benammen [[Grifformearde Tsjerken yn Nederlân|grifformearde tsjerken]]. Tseard wurke by arsjitektenburo [[Salm (arsjitekt)|Salm]] en letter by [[Sanders en Berlage]]. (Sjoch [[Hendrik Petrus Berlage]]). Neidat earst in oantal ûntwerpen net útfierd waarden, û.o. foar tsjerken yn [[Katwijk aan Zee]] en [[Amsterdam]], en in oannimmer syn ûntwerp foar in tsjerke yn [[Haarlim]] plagiearre, boude Kuipers yn [[1888]] syn earste tsjerke yn [[Makkum]]. Kuipers brûkte yn syn karriêre ferskate boustilen. Syn ierste wurk, oant ± 1896, is oer it generaal yn [[neorenêssânse styl]]. Dêrnei ûntwerpt hy in oantal tsjerken wêryn ynfloeden út it [[Romaanse styl|romaans]] en de [[gotyk]] kombinearre wurde mei it [[rasjonalisme]] fan Berlage. Fan 1899 ôf fiert dit rasjonalisme de boppetoan. In oantal fan syn lêste tsjerken yn de jierren '20 is yn in matige [[Ekspresjonisme|ekspresjonistyske]] styl. Neist nije tsjerken fergrutte Kuipers ek in oantal âldere tsjerken, ûnder mear yn [[Hardenberg]] en [[Rijssen]].
 
Oftocht fan tsjerken ûntwurp Kuipers in protte profane wurken. Syn earste wurk út 1886 wie in skoalle yn [[Buiksloot]]. Ien fan syn bekendste wurken is in rige fan sân huzen yn de Amsterdamse Roemer Visscherstrjitte, wêrby't by elk hûs in boustyl út in oar Europeesk lân ferwurke is.