Stedssilhûet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 12:
Ferneamd as it om de stêdssilhûet fan in stêd giet is it [[Itaalje|Italjaanske]] doarp [[San Gimignano]]. Hjir bouden yn de [[12e ieu|12e]] en [[13e ieu]] de rykste famyljes hege tuorren om sjen te litten waard de rykste famylje wie. Op it hichtepunt stienen der sa’n 70 tuorren yn it doarpke. Tsjintwurdich binne hjir noch trettjin fan oer.
 
Yn de Jeropeeske [[midsieuwen]] foarmen [[stêdsmuorre]]n en [[tsjerke]]tuorren de stêdssilhûet fan plakken. Yn de rin fan de tiid, en mei it begjin fan de [[yndustryieleYndustriële revolúsjeRevolúsje]], feroare dit allegear. Yn stee fan tsjerketuorren waarden de fabriken, en benammen de hege skoarstiennen fan de fabriken de eachlûkers. Noch wer letter, mei de ûntwikling fan de radio en televyzje, kamen de [[stjoermêst]]en fan radio en letter de televyzje. In goed foarbyld hjirfan is de [[CN Toer]] yn [[Toronto]], dat lang tiid it heechste gebou fan de wrâld west hat. In útsûndering hjirop is de [[Eiffeltoer]], dat yn [[1889]] as keunstwurk foar de [[Wrâldtentoanstelling]] boud is en foar it 100-jierich bestean fan de [[Frânske Revolúsje]].
 
Sa no en dan binne der ek oare gebouwen dy't de stêdssilhûet foarmje. Bygelyks koeltuorren fan kearnsintrales, silo's en heechovens.