Latynske skoalle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: hu:Latin iskola
No edit summary
Rigel 4:
Destiids wie it [[Latyn]] de taal fan de [[wittenskip]], en sels de kolleezjes op [[universiteit]]en waarden yn dizze taal jûn. Kennis fan it Latyn wie essinsjeel foar elkenien dy't dy't hegere stúdzjes dwaan woe. It lesprogramma fan de Latynske skoalle bestie foar it meastepart út Latyn. Oare fakken wienen fan mindere betsjutting.
 
In soad Nederlânske stêden (ûnder mear [[Barlaeus Gymnasium|Amsterdam]], [[Erasmiaans Gymnasium|Rotterdam]], [[Gymnasium Haganum|De Haach]], [[Johan de Witt Gymnasium|Dordrecht]] - it âldste fan Nederlân, [[Murmelliusgymnasium|Alkmaar]], [[Coornhert Gymnasium|Gouda]], [[Stedelijk Gymnasium Haarlem|Haarlem]], [[Steedlik Gymnasium (Leien)|Leien]], Dimter en [[Praedinius Gymnasium|Grins]]), hienen sûnt de [[14e ieu]] in Latynske skoalle. Sûnt de [[16e ieu]] waard ek it [[Gryksk|Gryks]] opnomd yn it skoalprogramma.
 
Yn de [[18e ieu]] waard yn Nederlân de populariteit fan de Latynske skoallen minder, ûnder mear troch de opkomst fan de "Frânske skoallen", dêr't [[Frânsk]] learde wurde koe ''(in taal dy't doe dwaande wie it Latyn te ferstjitten fan syn posysje as Europeeske [[lingua franca]])'' en praktyske fakken lykas [[boekhâlding|boekhâlden]].