Ferskil tusken ferzjes fan "Ernst Röhm"

24 bytes grutter ,  10 jier lyn
L
Bot - derby: ar:إرنست روم; tekstwiziging
L (Bot - derby: ar:إرنست روم; tekstwiziging)
'''Ernst Julius Röhm''' ([[München]], [[28 novimber]] [[1887]] - Munchen, [[30 juny]] [[1934]]) wie lieder fan de [[Sturmabteilung]] fan de [[NSDAP]] fan [[1921]] oant [[1934]]. Ek wie hy hiel koart in minister ûnder it bewâld fan [[Adolf Hitler]].
 
== Biografy ==
Röhm hat tidens de [[Earste Wrâldkriich]] fochten yn it Dútske leger en klom op ta Hauptmann. Yn de kriich waard in stik fan syn noas weislein troch in granaatskerf. Fan [[1919]] ôf tsjinne hy yn it Frijkorps Ritter von Epp, dat belutsen wie by de ûnderdrukking fan de [[Beierske revolúsje]] yn it foarjier fan 1919. Yn [[1921]] waard hy de sjef fan de troch [[Adolf Hitler]] oprjochte [[Sturmabteilung]] (SA). Under syn lieding groeide de SA út ta in terreurorganisaasje dy’t foarnamelik kommunisten lestich foel. By de [[Bierkellerputsch]] fan [[1923]] wie Röhm degene dy’t soarge hie foar de wapens en de SA spile in grutte rôl yn de opstân. Yn [[1926]] waard der yn de SA in privee ferdigeningsgroep oprjochten om Adolf Hitler te beskermjen (ek tsjin de SA), de [[SS]]. Dizze groep kaam letter ûnder it bewâld fan Reichsfuhrer-SS [[Heinrich Himmler]].
 
Röhm hie de [[NSDAP]] sjoen as in middel om it leger en de [[Freikorpsen]] ynfloed krije te litten yn de polityk. Hy seach himsels net as ûndergeskikte oan Hitler, mar mear as in mentor. Hitler hie altyd al beswieren tsjin de grutte rol fan de SA yn de partij, mar hy hie de beweging ek nedich. As oarde hanthaveners en útsmiters wie de SA nuttich, mar se foarmen fan it begjin ôf in machtsbolwurk wat lojaal wie oan Röhm. Hitler wist Röhm en syn SA ta hearigenss te twingen wêrop Röhm teloarsteld wie en syn ûntslach oanbea. Dêrop gie hy nei Súd-Amearika. Fan 1928 oant [[1930]] tsjinne hy as offisier, ferantwurdlik foar de oplieding fan it Boliviaanske leger yn [[Bolivia]]. Nei syn weromkomst yn Dútslân waard hy troch Hitler beneamd ta stafsjef fan de SA. Yn 1933 kearde Röhm werom nei syn SA. Nei [[1933]] groeide de SA sterk troch de tastream fan opportunisten dy’t karriêre meitsje woenen.
 
Neidat Hitler de macht oernaam yn jannewaris 1933 waard Röhm ryksminister sûnder portefeuille. Hitler woe Röhm derfan oertsjûgje dat de SA in ûnderdiel wurde moast fan it Dútske leger, mar dit wegere hy. De SA wie nedich neffens Röhm om de ‘sosjale revolúsje’ yn Dútslân te begjinnen en it [[kapitalisme]] te ferdriuwen. Hitler dy’t just de stipe nedich hie fan de grutte bedriuwen en it Leger sette Röhm ûnder druk. Mar it holp neat. Doe hat Hilter in idee smeid om him út de wei te romjen. Hy sei dat Röhm him fermoardzje woe en ek brûkte hy it feit dat Röhm homoseksueel wie, wat him earst neat skille koe.
 
Ein juny liet Hitler, tidens de [[Nacht Fan De Lange Messen]] Röhm yn de finzenis goaie. De SS manlju dy’t him yn it gefang setten joegen him in pistoal sadat er him sels om hals bringe koe. Mar doe't de SS werom kaam hie er dat net dien. Röhm wegere doe om mei te gean nei de eksekúsjeplak, hy is doe deasketten yn syn sel.
[[Kategory:Twadde Wrâldkriich]]
 
[[ar:إرنست روم]]
[[bg:Ернст Рьом]]
[[br:Ernst Röhm]]
45.640

bewurkings