Jan VI fan Nassau-Dillenburg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 4:
'''Jan VI ''de Alde''''' ([[Wiesbaden]], [[22 novimber]] [[1535]] - [[Dillenburch (stêd)|Dillenburch]], [[8 oktober]] [[1606]]) wie de twadde soan fan [[Willem I fan Nassau-Dillenburg|Willem de Rike]] en [[Juliana fan Stolberg]]. Hy wie in jongere broer fan [[Willem fan Oranje]].
 
Jan fan Nassau urf yn [[1559]] as âldste broer nei Willem fan Oranje de Nassauske goederen fan it geslacht [[Hûs fan Nassau|Nassau]] yn Dútslân, omdat syn broer Willem (fan Oranje) de neilittenskip fan syn neef René fan Chalon urf, nammentlik it prinsdom Orange yn Frankryk en de besitttings yn de Nederlannen. Jan wie lykas syn oare bruorren Lutersk opfieden, mar gie yn [[1572]] út oertsjûging oer ta it [[Kalvinisme]]. Yn 1577 wie hy yn de Nederlannen. Hy wie dan koarte tiid [[steedhâlder]] fan [[Hartochdom Gelre|Gelre]]. Yn [[1579]] hie hy in grutte rol by it tastânkommen fan de [[Uny fan Utert]]. Mar yn [[1580]] ferliet hy lykwols de Nederlannen omdat hy him net fine koe yn de Frânskgesinde polityk fan syn broer Willem. Hy gie werom nei it kastiel [[Dillenburg]]. Op 24 april 1581 fierde hy de Heidelbergske Katigismus yn syn greefskip yn op skoallen en yn tsjerken. Hy stifte skoallen en beneamde predikanten. Op 1 augustus 1584 gie in grutte winsk fan greve Jan yn ferfolling. Yn [[Herborn]] stifte hy de in hegeskoalle "Schola Johannae" ([[Latyn]] en nei Jan ferneamd) dêr't er [[Caspar Olevianus]] as heechlearaar en rektor oanstelde. Ek brocht er in bibleteek ta stân mei de rykste skat oan teologyboeken yn [[Dútsklân|Dútslân]]. En fierder festige er in boekeprinterij dy't as earste boek de "Ynstitúsje fan [[Kalvyn]]" printte.
 
Jan van Nassau kin beskôge wurde as de stamfaar fan it no yn Nederlân regearende foarstehûs. De ôfstamming rint fia syn soan [[Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz|Ernst Kasimir]]. Fan de fiif soannen fan Juliana fan Stolberg en Willem de Rike is hy de ienige soan dy't op in natuerlike wize oan syn ein komd is.