It Wâld (kabaret): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
ik ha de opmaak wat oanpast
Rigel 1:
'''It Wâld''' is in kabaretselskip út [[It Oranjewâld]]. Doe't de iisklub fan Oranjewâld yn [[1979]] in jubileumrevu opfiere woe socht foarsitter Harmen van der Meulen in groep spilers en skriuwers dy't oan de basis fan de revu stiene. It foldie spilers en publyk skoan en it wie oanlieding om der in ferfolch oan te jaan.
 
Trije jier letter, yn [[1982]] brocht dit selskip har earste programma mei as titel "''Us doarp dea? Nea!!!"''. De teksten fan dit programma wienen meast fan [[Roel Bergsma]] dy't ek meidie oan de beide programma's dêrnei: ''In Stapke Tebek?!'' yn [[1983]] mei [[Baukje Wytsma]], [[Klaas Jansma]] en [[Froukje Annema]]. Deselde skriuwers soargen ek foar ''It skip mei soere appels'' fan [[1986]].
Yn [[1989]] folge ''Sjesa!'' mei as skriuwers [[Hylkje Goënga]], Baukje Wytsma en [[Klaas Jansma]].
Nei "''Frjemde Kostgongers"''(1994) wie "''Storein!"'' (1999) harren lêste program; dizze beide programs binne skreaun troch Baukje Wytsma en Klaas Jansma.
 
Regisseur wie Sytze Krist.