Blokmies: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
wikt
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: csb:Czibaba; tekstwiziging
Rigel 8:
De '''Blokmies''' (''Parus Major'') is mei 14 sm de grutste fûgel út de famylje fan de [[Miezen]] (''Paridae''). De Blokmies is algemien yn hiel [[Jeropa]] en [[Aazje]], oeral dêr't beammen steane, foaral yn tunen, parken en iepen boskgebieten.
 
== Oare Fryske nammen ==
De Blokmies wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as ''Blausyske'', ''Blokfink'', ''Bijbiter'', ''Gielboarstke'', ''Stiselkopke'' as ''Swartkopke''.
 
== Foarkommen ==
De Blokmies is maklik wer te kennen oan syn swarte kop mei wite wangen. Fierders hat de fûgel in giele búk mei in swarte streek oer de midden. De mantsjes binne fan de wyfkes te ûnderskieden troch de bredere swarte streek oer de búk. Ek is by de mantsjes it giel feller as by de wyfkes. De Blokmies is sa'n 14 sm grut en hat in wjukspanwiidte fan 22,5-25,5 sm. Fierder waacht in folwoeksen fûgel in 20 gram.
 
== Iten ==
De Blokmies yt it leafst [[ynsekten]]. Yn de hjerst en by winterdei ite blokmiezen ek graach siedden en nuten. Op foerplankjes komme se dan ek geregeld lâns.
 
== Fuortplanting ==
De Blokmies is in echte [[hoalebrieder]]. It wyfke siket it hol en bout dêr in nêst dêr't se twa kear in nest jongen utbriedt. De 6-12 [[aaien]] komme nei sa'n 12-15 dagen út. De jongen wurde noch 3 wike troch beide âlden fuorre ear't se útfleane.
 
== Sjoch ek ==
* [[List fan fûgels]]
 
== Keppeling om utens ==
Rigel 34:
[[co:Ciattola capiniella]]
[[cs:Sýkora koňadra]]
[[csb:Czibaba]]
[[cv:Пысăк кăсăя]]
[[da:Musvit]]