Tsjerkfaar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: hr:Crkveni oci
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: sh:Crkveni oci; tekstwiziging
Rigel 1:
De '''Tsjerkfâden''' binne de iere ynfloedrike teologen en skriuwers yn de [[Kristendom|Kristlike Tsjerke]]. De learlingen fan de [[apostel]]s wurden trochstrings oant en mei yn de twadde, soms tredde, generaasje [[Apostolyske Heiten]] neamd en binne gjin tsjerkfâden.
 
== Katolike Tsjerke ==
De tsjerkfâden komme foar oant en mei sirka 750. Nei dit tiidrek krigen bysûndere teologen de earetitel [[tsjerkelearaar]].
It skaaimerk fan in tsjerkfaar is:
* sitearre wurde yn dokuminten fan de Paus dêr't er him rjochtet ta de Tsjerke;
* sitearre wurde troch in [[konsily]];
* publyklik lêzen wurde yn gearkomsten fan de iere Tsjerke;
* as ''sanctitate et doctrina insignis'' neamd wurde yn it Martyriologium Romanum;
* troch de tsjerkfâden oanhelle wurde as autoriteit.
 
By de Roomsken hoecht in iere teolooch gjin stânfêst leauwe te hawwen, sa binne de teologyen fan [[Tertullianus]] en [[Origenes]] kontroversjeel, mar jilde sy wol as tsjerkfaar.
 
== Easterske Ortodoksy ==
By de [[Eastersk-Ortodokse Tsjerke]] kin de earetitel tsjerkfaar noch altiten weijûn wurde.
 
== Reformaasje ==
De [[protestantisme|protestantske]] tsjerken kenne gjin tsjerkfâden krektas by de katolike tsjerke. Foar harren binne de tsjerkfâden allinne mar foarbyldige foargongers yn it leauwen. Dat komt benammen omdat de protestantske tsjerken gjin tradysje hawwe lykas de Roomsken dy hawwe. By de katoliken wurdt it wurk fan de tsjerkfâden beskôge as iepenbieringsboarne en hawwe dêrtroch in bysûndere betsjutting. Dêrfoaroer hawwe de protestantske tsjerken wol [[âldheit]]en, lykas [[Maarten Luther|Luther]] en [[Jehannes Kalvyn|Kalvyn]].
 
== Tsjerkfâden ==
De grutte tsjerkfâden fan it Westen binne: [[Ambrosius fan Milaan|Ambrosius]], [[Augustinus fan Hippo|Augustinus]], [[Hiëronymus fan Stridon|Hiëronymus]] en Paus [[Gregorius de Grutte|Gregorius I]].
 
De grutte tsjerkfâden fan it Easten binne: [[Atanasius fan Aleksandrje|Atanasius]], [[Basilius de Grutte|Basilius]], [[Gregorius fan Nazianze|Gregorius]] en [[Johannes Krysostomus|Krysostomus]]. Oare tsjerkfâden binne bygelyks [[Arnobius]] en [[Finsentius fan Lérins|Finsentius]].
 
== Sjoch ek ==
* [[Apostolyske heit]]
* [[Tsjerkelearaar]]
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.newadvent.org/fathers/ Wurken fan de tsjerkfâden, (oersettings yn it Ingelsk)]
 
[[Kategory:Kristendom]]
Rigel 62:
[[ru:Отцы Церкви]]
[[sco:Kirk Faithers]]
[[sh:Crkveni oci]]
[[sk:Cirkevný otec (stredovek)]]
[[sl:Cerkveni očetje]]