Bataafske Republyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfollinkje
plaatsje
Rigel 1:
[[Ofbyld:Flags of the Batavian Republic.jpg|200px|thumb|''Flaggen dy't yn de Bataafske Republyk brûkt waarden''.]]
De '''Bataafske Republyk''' (doetiidsk Nederlânsk: ''Bataafsche Republiek'') ([[19 jannewaris]] [[1795]] - [[6 juny]] [[1806]]) wie in republyk dy't it grutste part fan it hjoeddeiske Nederlân omfette. Fan 1805 oant 1806 waard de namme Bataafsk Mienebest (doetiidske Nederlânsk: ''Bataafsch Gemeenebest''). De Bataafske Republyk is ûntstien út de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]], mei militêre stipe fan Frankryk en wie feitlik in fazalsteat fan [[Frankryk]]. Dy stipe waard djoer betelle: de Republyk moast tsientallen miljoenen gûne dellizze foar de Franske troepen dy't yn Nederlân legere waarden (Ferdrach fan Den Haach). Ek letter die bliken dat de saneamde 'koälysje' mei Frankryk fan ien kant komme moast. Yn de striid tsjin de Ingelsken en by de neifolgjende fredesûnderhannelings wiene de Frânsken gau ree en ruilje de Nederlânske koloanjen foar tasizzings fan [[Ingelân]].