Theo van Doesburg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
sa earst mar, fan nl.
→‎Jonge jierren: tikflatere
Rigel 6:
 
===Jonge jierren===
Theo van Doesburg waaardwaard berne as '''Christian Emil Marie Küpper''' op 30 augustus 1883 yn [[Utert (stêd)|Utert]] as soan fan de fotograaf [[Wilhelm Küpper]] en Henrietta Catherina Margadant. Nei in koarte oplieding ta akteur en sjonger besleat er om skilder te wurden. Hy beskôge syn styfheit, Theodorus Doesburg, as syn wiere heit, dat hy ûndertekene syn earste wurk al mei Theo Doesburg; letter heakke er der "van" oan ta. Syn earste útstalling wie yn 1908. Hy kaam doe lykwols troch de tiid mei it kopiearjen fan skilderijen út it [[Ryksmuseum]] en fanôf 1912 ek mei it skriuwen foar tydskriften. Hoewol't er himsels yn dy tiid beskôge as in modern keunstner, skaait syn wurk út nei dat fan de Amsterdamske Ympresjonisten en waard it tige beynfloede troch [[Vincent van Gogh]], sawol wat styl as tema oanbelanget. Dat waard oars doe't er yn 1913 [[Wassily Kandinsky]]'s ''Rückblicke'' lêzen hie. Yn dat boek sjocht Kandinsky werom op syn libben as skilder yn 1903-1913. Doe waard it him dúdlik dat it skilderjen in heger, mear geastlik nivo hawwe koe; dat it út de geast komme koe en net allinne út it deistchdeistich libben hoechdehoegde te kommen en dat abstrakt skilderjen dêr it logyske resultaat fan wêze moast.
 
<br clear=all>
[[Ofbyld:Stijl130.jpg|1000px|''Principal contributors to De Stijl 1917-1927''.]]
 
 
===De Styl oan'e man bringe===