Robert Burns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat.
No edit summary
Rigel 4:
Robert Burns waard berne yn Alloway yn Skotlân, yn in húshâlding dy't it net breed hie. Lykwols woenen syn âlden al hawwe dat er goed ûnderwiis hawwe soe, wat yn syn wurk fernaam wurde kin.
 
Burns syn earste gedichtebundel wie "Poems, Chiefly in the Scottish Dialect" (Gedichten, foar it meast yn it Skotske dialekt), dat yn [[1786]] útkaam. Robert Burns helle in protte ynspiraasje foar syn gedichten út it Skotske lânskip, it folkslibben en de folksmuzyk. De gedichten fariëare fan ljocht en koartswilich oant tsjuster en gefoelich. De teksten dy't er foar lieten skreau wienen net op eigen wiis, mar it wienen oanpassings fan âldere lietteksten, en hy joech oan hokfoar besteande wize der foar brûkt wurde moast. Ien fan syn bekendste gedichten wurdt dan ek songen op in Skotske folkswiis: ''Auld Lang Syne''. Burns is ek de skriuwer fan twa bekende Skotske folkslieten: ''Scots Wha Hae'' ogof ''A Man's A Man for A' That''.
 
Robert Burns hat in soad betsjutten foar Skotlân. Syn dichten binne fan grutte betsjutting foar de Skotske selsbewustens. Syn bertedei, Burns Night, wurdt fierd as in nasjonale feestdei foar alle Skotten. Mar syn gedichten hawwe ek ferskate grutte Ingelske dichters beynfloede.