Aleksej Savrasov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: en:Alexei Savrasov
tikflaterkes
Rigel 1:
[[Image:Savrasov photo.JPG|frame|right|''Alexei Kondratyevich Savrasov'', 1870er jierren]]
'''Alexei Kondratyevich Savrasov''' (''Алексе́й Кондра́тьевич Савра́сов'') (May [[24, maaie]] [[1830]] –October [[8 oktober]], [[1897]]) wie in [[Ruslân|Russysk]] lânskipsskilder en skepper fan de ''lyryske lânskipsstyl''.
 
==Biografy==
Savrasov waard berne yn in keapmansfamylje. Hy tekene al mei jonge jierren en waard yn 1838 studint by professer Rabus oan de at the Skoalle foar Skilderkeunst, Byldhoukeunst en Arsjitektuer yn [[Moskou]], dêr't er yn 1850 ôfstudearre. Hy spesjaliserre him fuortendaliks yn it lânskipsskilderjen.
[[Image:RooksBackOfSavrasov.jpg|thumb|250px|left|''De roelen binne werom'' skildere troch Savrasov by it Ipatjev-kleaster yn [[Kostroma]].]]
Yn 1852 reizge er nei de [[Oekraïne]]. Yn 1854 set er him ta wenjen yn de omkriten fan Sint Petersburch, útnoege troch Gruthartoginne Maria Nikolayevna, foarsitter fan de Keizerlike Akademy fan de Keunsten. Yn 1857 waard Savrasov learaar oan de Moskouske Skoalle foar Skilder keunst, Byldhoukeunst en Arsjitektuer. Syn bêste learlingen, [[Isaak Levitan]] en [[Konstantin Korovin]] bewûnderen him en binne altyd tankber bleaun.
Rigel 11:
Yn de 60er jierren gie er nei [[Ingelân]] om de Ynternasjonale Tentoanstelling (1862) te sjen, en nei [[Switserlân]]. Yn ien fan syn brieven skriuwt er ''der is gjin akademy yn de wrâld dy't jin sa foarút helpe kin as dizze wrâldtentoanstelling''. De skilders dy't him it meast beynfloede hawwe binne de Britske [[John Constable]] en de Switserske skilder [[Alexandre Calame]].
 
''De Roeken binne werom'' (1871) wurdt troch in protte kritisy beskôge as it hichtepunt fan Savrasov’s artistike karriêre. Yn in hiel ienfâldich, sjochtweisljochtwei tafriel fan it werom kommen fan de roeken lit Savrasov, yngeand en mei gefoel, de oergong fan winter nei maitiid sjen. It wie in nijsoartige wize fan ''lyrysk lânskip''skilderjen, troch lettere kritisy as ''stimmich lânskip'' oantsjutoantsjutten. It skilderij makke him ferneamd.
 
Yn 1870 waard er lid fan [[De Swalkers]], hy briek mei de troch it regear stipe akademyske keunstopfettings.
 
Savrasov rekke yn 1871, nei de dea fan syn dochter, yn in krisis, altearstalteast as keunstner. De tsjinslach yn syn persoanlik libben, en faaks ek ûntefredenens mei sy artistike karriêre, brochten him oan de drank. Al it besykjen fan syn sibben en freonen koene dêr gjin feroaring yn bringe.
 
De lêste jierren libbe Savrasov as in earmoedlijer, wie er sûnder eigen dak boppe de holle. Allinne de konsjerzje fan de Moskouske skoalle foar keunsten en Pavel Tretyakov, stifter fan de [[Tretjakov Galery]] wienen op syn begraffenis yn 1897.