Nikolaj Ge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Nikolaj Ge
tikflaterke
Rigel 7:
Ge syn pake emigrearre yn de [[18e ieu]] nei Ruslân. Syn âlden stoaren doe't er noch in bern wie, dat hy waard grutbrocht troch in liifeigene fersoarchster. Ge kaam yn 1847 oan de universiteit fan [[Kiev]], en in jier letter oan de universiteit fan [[Sint-Petersburch]]; hy studaerre [[natuerkunde]] en [[wiskunde]]. Fan 1850 oant 1857 studearre er oan de Keizerlike Akademy fan de Keunsten yn Sint-Petersburch. Hy slagge mei in gouden medalje foar it skilderij ''De heks fan Endor ropt de geast fan de profeet Samuel oan''.
 
Dêrnei reizge er nei [[Itaalje]] (1860) om de klassike [[âldheid]] en de [[Renêssânse]] te bestudearjen. Yn 1863 waard Ge beneamd ta professer oan de Keizerlike Akademy fan de Keunsten. Yn 1864 giet er weronwerom nei Florence dêr't er befreone rekke mei de pro-westerske tinker en skriuwer [[Aleksander Herzen]] en potrettearreportrettearre him doe ek. It duorre oant 1869 ear't er foar altyd nei Ruslân werom gie. Ge syn betide wurk waard beynfloede troch [[Karl Brjoellov]].
 
Hy kocht in lytse buorkerij yn Noard-Oekraïne en waard goede freon fan de skriuwer [[Lev Tolstoj]], en in protte fan Tolstojs idealen wienen ek sines. (Ge skreau dat in minske agrarysk wurk dwaan moatte soe en dat keunst net te keap wêze moatte soe.) Ge wenne fan 1873 ôf op Tolstojs bûtenpleats [[Jasnaja Poljana]] ek yn noardlik [[Oekraïne]]. Yn dy tiid skildere Ge meast religieuze ûnderwerpen, der't er in protte bewûndering foar krige.
Rigel 14:
 
== Nei syn dea==
In protte fan syn wurk is weiwurden, hoe as wat bliuwt in mistearjemystearje. Oan de ein fan syn libben skonk Ge al syn wurk oan syn Switserske goeddogger Beatrice de Vattville, yn ruil foar in lege hier foar de jierren dy't er noch belibje soe. Sy stoar yn 1952, mar fan Ge syn wurk waard neat fûn yn har kastiel. Under dat ferlern giene wurk wie ek Ge's ûnderstelde 'magna opus' ''De Krusiging''. Earst yn 1974 waarden Ge's tekeningen weromfûn yn in twadde-hânssaak troch keunstsamlers .<ref> [http://www.krotov.info/history/19/1890_10_2/1831ge.htm Ge yn de Yakov Krotov bibleteek]</ref>
 
== Kar út Ge syn wurk ==