Brûnstiid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: hif:Bronze Age; tekstwiziging
Rigel 1:
{{Berjocht:Trijeperioadesysteem}}
De '''brûnstiid''' is it tiidrek tusken (sa. [[30e ieu f. Kr.|3000]] oant [[8e ieu f. Kr.|800 f. Kr.]]) en dat folget op it [[Neolitikum]]. Der wurdt ek wol ûnderskied makke mei de [[kopertiid]], dat noch tusken it neolitikum en de brûnstiid leit. Mar meastal wurdt dat tiidrek rekkene ta de nije stientiid. Yn Nederlân binne net folle koperfynsten dien. Inkeld op de [[Feluwe]] is wat fûn, lykwols wienen dat útsonderings. Nei de brûnstiid komt it tiidrek fan de [[Izertiid]].
 
Yn de rin fan de tiid ferfong [[brûns]] stadichoan [[fjoerstien]] as wichtigste materiaal foar [[ark]] en [[wapens]] en waard ek brûkt foar [[sieraad|sieraden]]. De earste foarwerpen fan brûns wienen benammen [[bile|bilen]]n, en ek inkelde dolken, spearpunten en sieraden lykas [[earmbân|earmbannen]]. Brûns kaam stadichoan hieltyd faker foar, en ek kamen der mear soarten metalen foarwerpen yn gebrûk.
 
Yn guon streken fûn brûns net tagelyk yngong en de krekte datearring fan de brûnstiid kin dêrom per lân of sels per streek ferskille. Sa wie, neffens de fynsten, folle mear sprake fan brûnsjitten yn [[Drinte]] as yn de rest fan Nederlân. In mooglike reden hjirfoar is miskien de pan-Jeropeeske hannelswei dy't oer de Drintse heuvelrêch rûn nei de [[Barnstienpaad|barnstienrike]] [[Eastsee]]kust.
De kennis om metalen te bewurkjen, ynklusyf brûns moat yn it [[Midden-Easten]] ûntstien wêze. Dêr waard brûns sûnt sa. 3000 f. Kr. brûkt. Dizze kennis hat him stadichoan ferspraat oer it Jeropeeske kontinint en berikte ek ús lân.
 
Guon fan âlds bekende ferhalen, lykas de [[Ilias]], de [[Odyssee]], parten fan de [[Bibel]] en it [[Gilgamesjepos]] spylje har ôf yn de brûnstiid.
 
== Nederlân ==
De brûnstiid yn Nederlân kin ûnderskieden wurde yn:
* Iere brûnstiid (2000 - 1800 f. Kr.)
Rigel 21:
 
== Grêfheuvels ==
[[Grêfheuvel]] binne meast opboud út omkeard lizzende heideseadden (de heidefjilden moatte sûnt de iere Brûnstiid as sletten formaasje opkomd wêze). De deaden krije suver hast gjin grêfjeften mei. It ûndersyk mei de skeppe is dus tige foarsichtich dien wurde, want it grêfritueel hâlde in soad yn. A.E. van Giffen ûndersocht yn [[1928]] de Biesterveldheuvel by [[De Knolle]]. Yn it Frysk Museum is hjir in makette fan. De foet fan de seaddeheuvel lei mids in twafâldige, ticht stelde peallekrâns mei fierder oan de binnenside in staketsel fan ticht by inoar setten lytse pealtsjes, wierskynlik eartiids mei flechtwurk ferbûn. In ynspringend gedielte oan de noardwestkant fan de dûbele peallekrânse wiist op in leter ôfsûnderliktichte yngong fan it begraafplak. Dit ynspringende diel komt oerien mei in iepening yn it staketsel. Dizze blokkearre yngongen skine de deaden fan de libbenen ôfslute te moatten. De deaden út de iere Brûnstiid waarden meast bysetten yn mei fjoer útholle beamkisten dy't yn djippe grêfskachten leinen. Dêrneist kaam ek al gau de lykferbaarning yn swang. De lange foarm fan it grêf bleau ynearsten. Dizze foarm fan begraven is út de midden Brûnstiid. Dêrnei wurdt de grutte fan de lykkûle lytser. De grêfheuvels út de Brûnstiid waarden ornaris wer brûkt foar lettere bysettings (meastentiid yn de râne). Sa kin soksoarte begraafplak útgroeie ta in begraafplak foar de hiele famylje of groep. Ek yn de brûnstiid kamen der stees wer oare befolkingsgroepen nei Fryslân ta. Yn it lêst fan de brûnstiid komt it saneamde urnefjildenfolk, dat syn deaden ferbaarnde. Dizze minsken dienen de jiske yn urnen en setten dizze by yn in kûltsje dêr't se dan in rûn greppeltsje omhinne makken. De grûn hjirút waard opsmiten ta in heuveltsje oer it grêf. Soksoarte urnefjilden mei greppelrûnten wurde nekropoalen neamd. Van Giffen hat in moai foarbyld ûntdekt by [[Easterwâlde]] (1925). Dizze urnefjilden út de lêste brûnstiid komme ek foar yn de Foarromeinske izertiid. ( ± 800 f.Kr oant it begjin fan de jiertelling) By it iere urnefjildepotguod falle earst de glêde sauste foarmen op, letter ek kartelrânige urnen fan it saneamde Harpstedter-type
 
==Keppeling om utens==
*[http://www.geocities.com/Athens/Crete/4162 Brûnstiid yn Jeropa]
*[http://home.versatel.nl/postbus/ De brûnstiid en izertiid yn Nederlân]
*[http://1501bc.com/ Libbene skiednis yn de Nederlânske brûnstiid]
*[http://www.archis.nl/ http://www.archis.nl/ archis]
*[http://www.archeos.nl/perioden/index.php?periodeID=4 Brûnstiid yn Nederlân]
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.geocities.com/Athens/Crete/4162 Brûnstiid yn Jeropa]
* [http://home.versatel.nl/postbus/ De brûnstiid en izertiid yn Nederlân]
* [http://1501bc.com/ Libbene skiednis yn de Nederlânske brûnstiid]
* [http://www.archis.nl/ http://www.archis.nl/ archis]
* [http://www.archeos.nl/perioden/index.php?periodeID=4 Brûnstiid yn Nederlân]
 
[[Kategory:Argeology]]
Line 64 ⟶ 63:
[[he:תקופת הברונזה]]
[[hi:कांस्य युग]]
[[hif:Bronze Age]]
[[hr:Brončano doba]]
[[hu:Bronzkor]]