Wrangel (eilân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Wrangel; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:RussiaVrangelya.png|250px|thumb|right|Lokaasje fan Wrangel-eiland yn de Noardlike Iissee]]
[[Ofbyld:Wrangel-island-sat.jpg|thumb|250px|Satellytfoto fan Wrangel]]
'''Wrangel''' ([[Russysk]]: остров Врангеля; ''ostrov Vr<u>a</u>ngelja'') is in eilân yn de [[Noardlike Iissee]] benoarden [[Tsjoekotka]] en is ferneamd nei baron [[Ferdinand von Wrangel]].
 
== Geografy ==
Wrangel leit tusken de [[Tsjoektsjensee]] en de [[East-Sibearyske see]]. It leit oerskrank by de [[180e meridiaan|180°]] [[meridiaan (geografy)|meridiaan]] del. De [[Ynternasjonale datumgrins]] is justjes nei it easten ferlein om it eilân en it [[Tsjoektsjenskiereilân]] op it East-Siberyske fêstelân yn ien en deselde tiidsône te krijen. It tichst yn de buert lizzende lân is it lytse en rotsige Herald dat sa'n 60 kilometer eastliker leit.
 
Wrangel is likernôch 125 kilometer breed. De [[oerflakte]] is 7.600 kante kilometer. it eilân bestitt út in súdlike kustflakte fan sa'n 15 km. breed, in sintrale heuvelrêch en in noardlike kustflakte fan 25 km breedte en in sa'n bytsje east-west rinnende hichtrige, de Tsentralnye-heuvelrrige, fan 40 kilometer breed en yn de east-west rjochting fan kust oant kust sa'n 145 kilometer lingte. Dizze heuvelrêch einiget oan beide kanten yn (see)klippen. De toppen fan de hichten binne meast krekt oer de 500 meter. De heechste top op it eilân is de berch Sovetskaja (1096 meter boppe [[Normaal Amsterdamsk Peil|NAP]]).
 
== Natoer ==
Wrangel is sûnt 1974 in natoerreservaat. It hat de grutste populaasjes [[Iisbear|iisbearen]] en [[walrus]]sen fan de wrâld. Op de toendra fynt men [[guozzen]], [[muskusoks]]en en [[rindier]]en. Yn it sûnt 2003 ûnbewenne doarp Oesjakovskoje is in besikerssintrum wêr't ekskursjes troch de rûge natuer organisearre wurde. Oare eardere doarpen op Wrangel binne [[Zvjozdny]] (bewesten fan Oesjakovskoje) en it kamp [[Perkatkoen]] (yn it binnenlân, by de rivier en berch Pyrkatkoen).
 
Rigel 14:
Wrangel hat in strang [[poalklimaat]] en is it grutste part fan it jier mei droege en kâlde wolkemassa's bedutsen. Allinne yn de simmer kin der út it súdeasten wei waarmere fochtige lucht it eilân berikke. Ut en troch komt der ek droege waarmere lucht fan [[Sibearje]].
 
De winters binne der lang en wurde skaaimerke troch fêst froastich waar en noardlike winen. De temperatuer liuwt sa, 9 moannen ûnder it nulpunt. Y febrewaris en maart komme der faak sniestoarmen foar mei faasjes fan mear a 140 km/o. De koarte simmers binne koel, mar wol betreklik waarm trochadt de midsnachtsinne de temperatuer boppe nul hâldt. Froast en sniefal komme ek dan wol foar, mar meastal is it eilân simmers mistich. Yn it binnenlân is it waar wat waarmer en droeger út reden fan topografyske skaaimerken dy't it ûntstean fan [[föhn (wyn)|föhnföhnwinen]]winen befoarderet. De relative luchtfochtigens is trochsneed 82%.
 
== Skiednis ==
=== Prehistoarje ===
Gelearden binne tsjintwurdich fan betinken dat Wrangel it lêste plak op ierde west hat dêr't in isolearre kloft wollige mammoeten libbe hat, oant harren útstjerren sa'n 4000 jier lyn. <ref>Vartanyan. S. L. ''et al.'', 1995. ''Radiocarbon Dating Evidence for Mammoths on Wrangel Island, Arctic Ocean, until 2000 BC '' yn Radiocarbon [http://packrat.aml.arizona.edu/Journal/v37n1/vartanyan.html]</ref> It liket derop dat in lytse soarte op Wrangel in skoft oerlibbe hat, in fariant fan de gruttere mammoet yn Sibearje. It kin ek sa wêze dat de mammoet hjir lytser bleaun is troch in tekoart oan fretten. In kombinaasje fan klimaatferoarings en de jacht troch minsken hat wierskynlik harren útstjerren tige befoardere op dit hast altyd beferzen, mei snie oerdutsen eilân. In fergelykbere ûntjouwing hat der west op it eilân [[Malta]] wat de Dwerchoaljefant, fan Afrikaansk komôf, oanbelanget.
 
It bewiis foar [[Prehistoarje|prehistoaryske]] minsklike bewenning waard fûn yn 1975 op it plak Tsjertov Ovrag.<ref>Dikov, N. N. , 1988 ''The Earliest Sea Mammal Hunters of Wrangell Island'' yn Arctic Anthropology, diel 25, siden 80–93 </ref> Dêr waarden ferskate stiennen en ivoaren soarten ark fûn, ûnder oaren harpoenen. [[C12 datearring]] lit sjen dat de minslike oanwêzigens rûchwei oerienkomt mei dy fan de lêste mammoeten; dat wie likernôch yn 1700 f. Kr., mar hurd bewiis fan mammoetjacht is net fûn.
 
=== Britske en Amerikaanske ekspedysjes ===
Yn 1849 lanne [[Henry Kellett]], kaptein fan HMS ''Herald'' op it eilân en neamde it ''Herald Island'', en hoewol't er yn it westen in oar eilân seach, dat er "Plover Island" neamde, waard it op de kaarten fan de Britske Admiraliteit oantsjut mei "Kellett Land."
 
Rigel 31:
[[George W. DeLong]], haad fan in ekspedysje yn 1879 dy't nei de Noardpoal woe, rekke mei syn skip fêst yn it iis en dreaun ôf oant flakby Wrangel. It skip waard fan it iis tesplintere en sonk. Op 12 augustus 1881 lanne in groep fan de United States Revenue Cutter Service op it eilân dy't it opeaske foar de Feriene Steaten en it "New Columbia" neamde<ref>Muir, John, 1917, [http://www.yosemite.ca.us/john_muir_writings/the_cruise_of_the_corwin/introduction.html ''The Cruise of the Corwin: Journal of the Arctic Expedition of 1881 in search of De Long and the Jeannette.''] Norman S. Berg, Dunwoody, Georgia. ([[John Muir]]'s description of the 1881 exploration of Wrangel Island.)</ref> In ekspedysje ûnder kommando fan [[Calvin L. Hooper]] socht de ''Jeannette'' en twa fermiste walfiskjagers yn dy kriten. Dêrneist ferkennen hja de fierdere regio; de natuerûndersiker [[John Muir]] wie derby. Hy publisearre letter de earste beskriuwing fan Wrangel-eilân.
 
[[ImageOfbyld:Wrangel Island tundra.jpg|thumb|left|600px|Arktyske toendra op Wrangel-eilân]]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Rigel 45:
[[bn:ভ্রাংগেল দ্বীপ]]
[[ca:Illa de Wrangel]]
[[cs:Wrangelův ostrov]]
[[cy:Ynys Wrangel]]
[[cs:Wrangelův ostrov]]
[[da:Wrangeløen]]
[[de:Wrangelinsel]]
Rigel 66:
[[lt:Vrangelio sala]]
[[nds:Wrangeleiland]]
[[nl:Wrangel]]
[[nn:Wrangeløya]]
[[no:Wrangeløya]]