Saksofoan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: af:Saxofoon
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: io:Saxofono; tekstwiziging
Rigel 2:
In '''saksofoan''' is in [[blaasynstrumint]] mei in ''koanyske'', faak -foarmige buis mei kleppen. De saksofoan wurdt net ta de [[koperblazers]] rekkene, mar lykas alle [[reidblazers]] ta de [[houtblazers]] omdat it reid foar it lûd soarget. Saksofoanen ha in koanyske boarring - se wurde nei de ein ta breder.
 
== Famylje ==
De [[saksofoanfamylje]] bestiet út (ûnder oare) de folgjende leden:
* [[Soprillo]] yn Bes (Si-b), rjocht
* [[Sopraninosaksofoan]] yn Es (Mi-b), meast rjocht
* [[Sopraansaksofoan]] yn Bes (Si-b), meast rjocht
* [[Altsaksofoan]] yn Es (Mi-b) en C (Do, Ut, "C-melody"), S-foarmich
* [[Tenoarsaksofoan]] yn Bes (Si-b), S-foarmich
* [[Baritonsaksofoan]] yn Es (Mi-b), S-foarmich, mei ekstra rûningen
* [[Bassaksofoan]] yn Bes (Si-b), S-foarmich, mei ekstra rûningen
* [[Kontrabassaksofoan]] yn Es (Mi-b), S-foarmich, mei ekstra rûningen
* [[Subkontrabassaksofoan]] yn Bes (Si-b), S-foarmich, mei ekstra rûningen
 
== Untjouwing ==
De saksofoan waard yn [[1840]] troch de [[Belgje|BelgyskBelgyske]]e [[ynstrumintemakker]] [[Adolphe Sax]] ([[1814]]-[[1894]]) makke. Nei him is it ynstrumint ek neamd en op [[28 juny 1846]] krige er dêr yn [[Frankryk]] [[patint]] op.
 
Adolphe Sax de measte koperynstruminten better makke lykas ek ferskate houtblaasynstruminten: de [[basklarinet]] sa't wy dy hjoed de dei (2007) kenne is bygelyks in ûntwerp fan Adolphe Sax. Sax woe in ynstrumint meitsje dat de sûplesse fan de [[strikers|striker]] hie mar ek de dinamyske mooglikheden fan it koper (lûd) en de klankmooglikheden fan it hout. Sax woe in ynstrumint dat alle goede eigenskippen fan de klassike orkestynstruminten yn him hie. De earste saksofoan wie in bassaksofoan, de rest fan de famylje kaam letter. Omdat in bas makliker te bouwen is as it giet oer ferhâldings en kontrôle fan de buis/stimming ensfh. makke er dy earst. Yn de rin fan de jierren boude er de rest fan de famylje ([[komposysje|komposysjes]]s mei saksofoanen der yn folgen al gau).
 
In bekend misbegryp oer de útfining fan de saksofoan is dat Sax in praktyske oplossing fine woe foar de baspartij yn militêre [[orkest]]en. Dat kloppet lykwols net. Sax wie in [[keunstner]] mei in dúdlik klankbyld yn de holle, tapassings folgen letter.
 
== Berik ==
De hjoeddeistige saksofoanen ha meast kleppen foar in berik fan twa-twatredde [[oktaaf]], fan leech-Bes oant en mei heech-fis. Op [[19e ieu]]ske saksofoanen wie B de leechste toan en e de heechste, de omfang wie dus in lytse terts minder. Al rillegau is it berik grutter makke, de fis wie dêrby de lêste tafoeging. Op de noch hieltyd in soad frege Selmer Paris Mark VI-saksofoan-modellen út de fyftiger en sechstiger jierren siet gjin hege fis, en ek op goedkeapere hjoeddeiske modellen mist dy klep.
 
Rigel 32:
By de altissimotoanen wurdt net yn it oktaaf oerblaasd, mar yn hegere boppetoanen, lykas de [[duodecime]] (oktaaf plus in kwint: krekt as de klarinet(, it dûbele oktaaf en sa fierder. De leechste noaten fan dizze wize fan oerblazen behearsket hast elk, de saneamde ''quick-f'', ''quick-fis'' en ''quick-g'' (dy lêste allinnich as der in klep foar de hege fis is). De folgjende noaten binne in stik dreger en guon krije se der nea goed út. Gelokkich wurde se yn skreaune muzyk foar saksofoan net brûkt, útsein yn moderne komposysjes fan nei sawat [[1970]]. Yn de [[jazz]] yn it begjin fan de [[sechstiger jierren]] [[Eric Dolphy]] al firtuoas yn it altissimoregister en yn de [[free jazz]] waard en wurdt fansels alle brûkt dat foar de ekspresje fan pas komme kin.
 
== Gebrûk ==
De komponist [[Hector Berlioz]] wie fuortendaliks wei fan it ynstrumint. Hy skreau der loovjend oer en by konserten fan him wie de saksofoan foar it earst yn it iepenbier te hearren.
Dochs fûn de saksofoan gjin yngong yn it tradisjonele [[symfony]]-orkest. Wol waard it ynstrumint al gau brûkt yn it militêre [[harmony]]-orkest.
Ek hjoed de dei wurdt de saksofoan yn in soad blaasorkesten brûkt, lykas it harmony-orkest, de [[fanfare]] en de [[bigband]]. As solo-ynstrumint kin men de saksofoan rûnom tsjinkomme: yn jazz-, [[klezmer]]- en [[popmuzyk]] en de [[klassike muzyk]].
De saksofoan waard útfûn as klassyk ynstrumint en hat syn eigen ûntjouwing trochmakke yn de klassike muzyk. Hoewol't de saksofoan as regulier orkestynstrumint nea trochkrongen is yn it tradisjonele symfony-orkest (mei troch it kommunikative ûnfermogen fan Adolphe Sax) hat it as solo-ynstrumint en yn de [[keamermuzyk]] in wichtige rol spile. Benammen yn de [[20e ieu]] gong dy ûntjouwing hurd. Wichtich inisjatrise fan nij saksofoanrepertoire wie de [[Amearika|AmerikaanskAmerikaanske]]e ''mecenas'' [[Elisa Hall]] dy't swierrichheden mei it sykheljen hie. Hja stimulearre [[André Caplet]], [[Claude Debussy]], [[Vincent d'Indy]], [[Florent Schmitt]] en in soad oaren om stikken foar har te skriuwen. Oan har minne sûnens tankje wy dus de moaiste saksofoannoaten.
Yn de keamermuzyk hat foaral it saksofoan[[keamermuzyk|kwartet]] furore makke. Nei in wat hoeden begjin yn de [[19e ieu]] troch komponisten as Singelée en Forio, waard it sjenre troch opswypkjende sjenyen as [[Marcel Mule]] en [[Sigurd Rascher]] mei faasje ûnder it folk brocht: masterwurken fan [[Aleksandr Glazoenov]], Rivier, Bozza en [[Iannis Xenakis]] soenen de muzykskiednis foar altyd feroarje.
 
[[Kategory:Houtblaasynstrumint]]
[[kategory:houtblaasynstrumint]]
 
[[af:Saxofoon]]
Rigel 64:
[[hu:Szaxofon]]
[[id:Saksofon]]
[[io:Saxofono]]
[[it:Sassofono]]
[[ja:サクソフォーン]]