Noard Rona: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: en:North Rona
st.
Rigel 6:
 
==Skiednis==
Rona soe it wenplak west hawwe fan [[Sint Ronan]] yn de [[8e ieu]]. It eilân wie bewenne oant koart nei 1685. Doe is de befolking fan 30 minsken stoarn nei in ynfaazje fan [[rat]]ten, fermoedlik de Swarte Rat (''Rattus rattus''), dy't fan in fergien skip kaam wienewienen. De ratten frieten de nôtfoarrie op dat it kin kin wêze dat de minsken doe ferhongere binne, hoewol't de pest harres der ek ta dien hawwe kind. Men wit dat der dat jier gjin skippen it eilân oandien hawwe. De ratten binne sels dêrnei ek ferhongere omdat hja út reden fan de hege weagen net by it iten oan de wetterline komme koenen. <ref>Fraser Darling & Boyd (1969) sd. 73-74.</ref>
 
Rona rekke opnij bewenne, mar yn 1695 ek al wer ûntfolke, nei in tragysk boatûngemak waard ornearre. Doe wiene it allinne noch harders en harren húshâldinghúshâldings dy't dêr taholden, oant 1844, doe waard Rona foar altyd ferlitten. [[Sir James Matheson]], dy't Lewis yn 1844 kocht hie, bea oan om fan Rona in strafkoloanje te meitsjen. It regear wegere it oanbod lykwols.
 
Rona bleau ûnbewenne, útsein fan de skiep fan de boeren fan it eilân Lewis en útsein fan in koart skoft yn 1884–85. Yn juny 1884 setten twa manlju fan Lewis, Malcolm MacDonald en Murdo Mackay, ôf nei Rona om op harren skiep dêr te passen. It praat gie dat hja skeel hiene mei de dûmny fan de peatslike tsjerke. Yn augustus wie alles noch inoarder mei de manlju fernijden seelju dy't dêr west wienewienen; hja wegeren ek om mei werom nei Lewis. Yn april 1885 die lykwols bliken dat hja siik wurden wiene en yn de winter al stoarn wiene.
 
Yn de [[Earste Wrâldkriich]] lei de kaptein fan de Dútske U-boat ''U-90'', Walter Remy, at it waar it taliet, by syn patrûljes oan by Noard Rona. De bemanning skeat dêr dan skiep om sa oan fask fleis te kommen.<ref>Gleaves( 1921) p. 219.</ref>
[[Image:Cave on North Rona.jpg|thumb|300px|Cave on North Rona]]
It eilân waard ek noch tydlik bewenne troch skriuwer en natoerbeskermernatuerbeskermer [[Frank Fraser Darling]] en syn húshâlding yn 1938/39. Hja bustudearren dêr de [[Grize seehûn]] en de [[seefûgels]] dy't dêr briede.
 
It eilân draacht noch hieltyd de ruïnes fan St Ronan's kapel. Eigner is ''Scottish Natural Heritage''. Fierder is Rona in natuerreservaat út reden fan de wichtige koloanjes seefûgels en Grize Seehûnen dy't it hat. Rona en [[Sula Sgeir]] binne de minst besochte natuergebieten fan Brittanje.<ref>[http://www.snh.org.uk/publications/on-line/designatedareas/nnrs/RonaSulaSgeir/rona.asp Scottish Natural Heritage - ''In the Lap of Wild Ocean'']. Retrieved 28 June 2007</ref>