Wrangel (eilân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Wrangel; tekstwiziging
st. + ferw.
Rigel 9:
 
== Natoer ==
Wrangel is sûnt 1974 in natoerreservaatnatuerreservaat. It hat de grutste populaasjes [[Iisbear|iisbearen]] en [[walrus]]sen fan de wrâld. Op de toendra fynt men [[guozzen]], [[muskusoks]]en en [[rindier]]en. Yn it sûnt 2003 ûnbewenne doarp Oesjakovskoje is in besikerssintrum wêr't ekskursjes troch de rûge natuer organisearre wurde. Oare eardere doarpen op Wrangel binne [[Zvjozdny]] (bewesten fan Oesjakovskoje) en it kamp [[Perkatkoen]] (yn it binnenlân, by de rivier en berch Pyrkatkoen).
 
== Klimaat ==
Wrangel hat in strang [[poalklimaat]] en is it grutste part fan it jier mei droege en kâlde wolkemassa's bedutsen. Allinne yn de simmer kin der út it súdeasten wei waarmere fochtige lucht it eilân berikke. Ut en troch komt der ek droege waarmere lucht fan [[Sibearje]].
 
De winters binne der lang en wurde skaaimerke troch fêst froastich waar en noardlike winen. De temperatuer liuwt sa, 9 moannen ûnder it nulpunt. YYn febrewaris en maart komme der faak sniestoarmen foar mei faasjes fan mear aas 140 km/o. De koarte simmers binne koel, mar wol betreklik waarm trochadttrochdat de midsnachtsinnemiddernachtsinne de temperatuer boppe nul hâldt. Froast en sniefal komme ek dan wol foar, mar meastal is it eilân simmers mistich. Yn it binnenlân is it waar wat waarmer en droeger út reden fan topografyske skaaimerken dy't it ûntstean fan [[föhn (wyn)|föhnwinen]] befoarderetbefoarderje. De relative luchtfochtigens is trochsneed 82%.
 
== Skiednis ==
=== Prehistoarje ===
Gelearden binne tsjintwurdich fan betinken dat Wrangel it lêste plak op ierde west hat dêr't in isolearre kloft wollige mammoeten[[mammoet]]en libbe hat, oant harren útstjerren sa'n 4000 jier lyn. <ref>Vartanyan. S. L. ''et al.'', 1995. ''Radiocarbon Dating Evidence for Mammoths on Wrangel Island, Arctic Ocean, until 2000 BC '' yn Radiocarbon [http://packrat.aml.arizona.edu/Journal/v37n1/vartanyan.html]</ref> It liket derop dat in lytse soarte op Wrangel in skoft oerlibbe hat, in fariant fan de gruttere mammoet yn Sibearje. It kin ek sa wêze dat de mammoet hjir lytser bleaun is troch in tekoart oan fretten. In kombinaasje fan klimaatferoarings en de jacht troch minsken hat wierskynlik harren útstjerren tige befoardere op dit hast altyd beferzen, mei snie oerdutsen eilân. In fergelykbere ûntjouwing hat der west op it eilân [[Malta]] wat de Dwerchoaljefant, fan Afrikaansk komôf, oanbelanget.
 
It bewiis foar [[Prehistoarje|prehistoaryske]] minsklike bewenning waard fûn yn 1975 op it plak Tsjertov Ovrag.<ref>Dikov, N. N. , 1988 ''The Earliest Sea Mammal Hunters of Wrangell Island'' yn Arctic Anthropology, diel 25, siden 80–93 </ref> Dêr waarden ferskate stiennen en ivoaren soarten ark fûn, ûnder oaren harpoenen. [[C12 datearring]] lit sjen dat de minslike oanwêzigens rûchwei oerienkomt mei dy fan de lêste mammoeten; dat wie likernôch yn 1700 f. Kr., mar hurd bewiis fan mammoetjacht is net fûn.
Rigel 29:
Augustus 1867 kaam Thomas Long, in Amerikaanske kaptein fan in walfiskfarder, oant op 15 km foar de kust fan it eilân. Hy neamde it ''Wrangell Land'' nei Ferdinant von Wrangel.
 
[[George W. DeLong]], haad fan in ekspedysje yn 1879 dy't nei de [[Noardpoal]] woe, rekke mei syn skip fêst yn it iis en dreaun ôf oant flakby Wrangel. It skip waard fan it iis tesplintere en sonk. Op 12 augustus 1881 lanne in groep fan de ''United States Revenue Cutter Service'' op it eilân dy't it opeaske foar de [[Feriene Steaten]] en it "New Columbia" neamde<ref>Muir, John, 1917, [http://www.yosemite.ca.us/john_muir_writings/the_cruise_of_the_corwin/introduction.html ''The Cruise of the Corwin: Journal of the Arctic Expedition of 1881 in search of De Long and the Jeannette.''] Norman S. Berg, Dunwoody, Georgia. ([[John Muir]]'s description of the 1881 exploration of Wrangel Island.)</ref> In ekspedysje ûnder kommando fan [[Calvin L. Hooper]] socht de ''Jeannette'' en twa fermiste walfiskjagers yn dy kriten. Dêrneist ferkennen hja de fierdere regio; de natuerûndersiker [[John Muir]] wie derby. Hy publisearre letter de earste beskriuwing fan Wrangel-eilân.
 
[[Ofbyld:Wrangel Island tundra.jpg|thumb|left|600px|Arktyske toendra op Wrangel-eilân]]