Ferskil tusken ferzjes fan "Franz Schubert"

Nei't er op 19 oktober 1814 syn earste masterlike liet 'Gretchen am Spinnrade' skreaun hie, kaam er ta folsleine ûntjouwing fan syn kompositoarysk kinnen yn 1815, it meast fruchtbere jier fan syn libben. Fjouwer opera's, twa symfonyen, 144 lieten - ûnder oaren 'Erlkönig' en 'Heidenröslein' -, twa missen, in strykkwartet en twa pianosonates, wiene it resultaat.
 
Yn 1816 wie Schubert gadingmakker foar de baan fan muzyklearaar oan de normaalskoalle yn Leibach. Hy woe ek trouwe mei syn jeugdfreondinne Therese Grob, mar dat mocht doe net út reden dat de wet foarskreau dat men in húshâlding ûnderhâlde moatte koe en dat koe er op dat stuit net. Salieri skreau lykwols in wat toar tsjûchskrift, dat Schubert tafallich yn hannen krige. Doe wie it dien mei Salieri en syn lessen. De sollisitaasje waard ek neat, wierskynlik omdat er gjin les jaan koe yn it bespyljen fan alle blaasynstruminten.
 
Yn de hjerst fan 1817 wie de wetlike termyn dat Schubert yn tsjinst roppen wurde koe oer. Hy naam fuortendaliks ûntslach as helpûnderwizer (1818). Hy moast no troch de tiid komme mei it jaan fan muzyklessen. Syn nije frijheid late lykwols net ta al tefolle ynspiraasje. Yn de simmer fan dat jier en yn 1824 gie er mei as pianolearaar nei de bûtenpleats fan de famylje fan greve Johann Karl Esterhazy yn Hongarije. Dêr hie er de meast soarchleaze tiid fan syn libben.
85.549

bewurkings