Pessennius Niger: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ca:Pescenni Níger
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: cy:Pescennius Niger; tekstwiziging
Rigel 2:
'''Pessennius Niger''', ''folút Gaius Pessennius Niger'', (sa.[[135]] - [[194]]), wie [[Romeinske keizers|Romeinske keizer]] fan [[193]] oant 194. De namme "Niger" bestjut yn it [[Latyn]] "swart", dat wie it tsjinoerstelde fan de namme fan ien fan syn rivalen foar it keizerskip, nammentlik [[Klodius Albinus]], waans namme "Albinus", "wyt" betsjut.
 
== Ofkomst ==
Pessennius Niger waard om-ende-by [[135]] berne yn Akwinum (tsjintwurdich Akwino yn Itaalje). Hy hearde ta de Romeinske ridderstân en waard troch keizer [[Kommodus]] begjin tachtiger jierren opnommen yn de [[senaat]]. Hy wie in skoftlang gûverneur fan de grinsprovinsje [[Daasje]] en sûnt [[191]] wied er gûverneur fan [[Syrje]].
 
== Trije keizers ==
Nei de moard op keizer [[Pertinaks]] op [[28 maart]] [[193]] waard de troan troch de Pretoariaanske Garde ferkocht oan de rike senator [[Didius Julianus]]. Lilk hjiroer kaam it Romeinske leger yn opstân en rôp harren kommandanten ta keizer. Yn Syrje waard Pessennius Niger yn it poarper hyst, krektas [[Septimius Severus]] yn Pannoonje en [[Klodius Albinus]] yn Brittanje.
 
Fan de trije generaals wie Severus as earste yn [[Rome (stêd)|Rome]]. Hy liet syn keizerskip formeel besegelje troch de senaat en waard it mei Albinus iens. Sy dielden de macht. Albinus krige yn ruil foar syn stipe de titel fan [[caesar (titel)|caesar]] en hâlde it bewâld oer syn westlik gebiet. De senaat, dy't leaver Pessennius as keizer hawwe woene, waard troch Severus ûnder druk setten om him ta steatsfijân te ferklearjen.
 
== Striid om de Macht ==
Pessenius Niger woe sa gau at er koe nei de haadstêd Rome om Serverus de hearskippij te betwisten. Fanút Syrje luts er nei it westen, mar syn opmars waard lykwols opkeard. Yn in twatal slaggen, by [[Slach by Sysikus|Sysikus]] en [[Slach by Nisea|Nisea]] waard Pessenius Niger troch Septimius Severus tsjinhâlden.
== Ein ==
Nei de fjildslaggen, dy't beide sûnder dúdlike oerwinner einige wie, die Pessenius begjin april [[194]] in twadde poging syn macht út te wreidzjen.
 
Op de grutte flakte fan Issus, dêr't 500 jier earder [[Aleksander de Grutte]] de Perzyske kening [[Darius III|Darius]] ferslein hie, botsten syn leger op dat fan Severus. Yn de slach waard diskear Pessenius finaal ferslein en sneuvelen 20.000 fan syn soldaten. De fersleine keizer flechte nei [[Antiochje]], waard finzen naam en deade.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.roman-emperors.org/pniger.htm {{aut|Michael L. Meckler}}, art. Septimius Severus (193-194 A.D.), yn ''DIR'' (1998).]
 
Rigel 24:
[[bg:Песцений Нигер]]
[[ca:Pescenni Níger]]
[[cy:Pescennius Niger]]
[[cs:Pescennius Niger]]
[[de:Pescennius Niger]]