Pioneer 10: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 2 jan 2010 om 22.14

[[Ofbyld:Pioneer10-plaque tilt.jpg|thumb|right|150px|[[Gouden plaat bevestige oan Pioneer 10.
Foto: NASA]]

Lansering Pioneer 10 missy.
Foto: NASA

De Pioneer 10 (ek wol Pioneer F neamd) is in net bemand romtefartúch fan de NASA, dy't op 3 maart 1972 lanseare waard. It doel fan de missy wie it ferkennen fan de bûtenste dielen fan ús sinnestelsel en is ûnderdiel fan it Pioneer programma.

De Pioneer 10 wie de earste sonde nei de planeet Jupiter, dat op 3 december 1973 fan hiel tichtby nadere waard, en gong as earste troch de planetoïdengordel. Ek wie de Pioneer 10 de earste sonde dy't it sinnestelsel ferlitte op 13 juny 1983 doe't er Neptunus efter him litte (dat doe de bûtenste planeet wie troch de elliptyske baan fan de planeet Pluto).

Oant 17 febrewaris 1998 wie de Pioneer 10 de fierst ferwijdere objekt yn de romte dy't troch minsken makke is. Op dy dei waard de berikte ôfstân fan de ierde troch de Voyager 1 evenare dy't fan dat stuit ôf in foarsprong oan it opbouwen is.

De Pioneer 10 reizigt yn de rjochting fan de stjer Aldebaran yn it stjerrenbyld Taurus dêr't er oer mear as 2 miljoen jier oankomme sil.

Pioneer 10 baan yn it sinnestelsel