Anton Mauve: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
lyts guod
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 3:
'''Anthonij (Anton) Mauve''' ([[Zaandam]], [[18 septimber]] [[1838]] – [[Arnhim]], [[5 febrewaris]] [[1888]]) wie in Nederlânsk [[keunstskilder]] en [[grafikus]].
 
== Libben en wurk ==
In jier nei syn berte yn Saandam waard syn heit, in doopgesinde [[predikant]], yn [[Haarlim]] beroppen. Dêr waard er grut en dêr ûntstie de winsk om keunstskilder te wurden. Syn heit joech tastimming foar in oplieding ta keunstner mei as betingst dat Anton wol de akte foar tekenûnderwiis helje soe, dat joech mear fêstichheid wat it troch de tiid kommen oanbelange.
 
Yn de jierren 1854 oant 1857 wie er learling yn it [[atelier]] fan [[Pieter Frederik van Os]]. Doe ishat er noch yn de lear west by [[Wouterus Verschuur]]. Letter yn syn karriêre hat er noch gearwurke mei: [[Paul Joseph Constantin Gabriël|Paul Gabriël]], [[Marinus Heyl]] en [[J.J. Doffegnies]]. Hy skildere yn dy tiid yn de trant fan de [[Haachske Skoalle]]. Mauve wie mei-oprjochter fan de ''Hollandsche Teekenmaatschappij''.
 
Anton Mauve troude mei Jet Carbentus, in nicht fan [[Vincent van Gogh]].
Vincent gie ein fan [[1881]] foar sa'n trije wike oantoan it wurk in it Haachske atelier fan syn oantroude neef. Fia him kaam er yn de kunde mei it wurk fan ûnder oaren [[Jaap Maris|Jaap]] en [[Matthijs Maris]], [[Johan Hendrik Weissenbruch|J.H. Weissenbruch]], [[Hendrik Willem Mesdag|H.W. Mesdag]], [[George Hendrik Breitner|G.H. Breitner]] en [[Jozef Israëls]].Jozef Israels en Willem Maris harren ynfloed makke dat syn skildertoets losser waard, dat er frijer doarde te skilderjen.
 
Mauve joech Vincent skilderles. Syn ynfloed op Vincent hat grutter west dan't faak oannomd wurdt. Underwerpen as dollers, ierdappeliters en houtferkeapers naam er fan Mauve oer. Mauve respektearre van Gogh's talint, mar woe dat er him talei op de tradysjonele feardigens fan tekenjen en modelearjenmodellearjen. Troch syn ferhâlding mei Sien Hoornik krige Vincent skeel mei Mauve. Doe't Anton Mauve yn 1888 hommels ferstoar yn Arnhim, droech Vincent yn [[Arles]] syn 'Souvenir de Mauve', rôze bloeiende pjisken, oan him op.
 
Mauve syn meast produktive jierren wiene dy yn [[Laren (Noard-Hollân)|Laren NH]], dêr't er ien fan de oprjochters fan de [[Larenske Skoalle]] wie. In protte fan syn skilderijen hat er yn de omkriten fan Laren makke. It [[Goai]] waard wol 'it lân fan Mauve' neamd troch toeristen en keunstkenners. Oant yn Amearika wie dizze streek mei dy namme bekend.
Rigel 19:
Anton Mauve stoar oan in [[aneurysma]].
 
== Bekend wurk ==
*''Morgenrit langs het strand'' ([[1876]])
*''Spelende kinderen'', doek, 40 x 50 cm
*''Heide te Laren'', oaljeferve op doek, [[RijksmuseumRyksmuseum Amsterdam]]
*''Larens binnenhuis'', akwarel
*''Larens meisje met geit'', oaljeferve op doek
*''de Torenlaan te Laren'' ([[1886]]), oaljeferve op doek, RijksmuseumRyksmuseum Amsterdam
*''Stilleven'', oaljeferve op paneel, 21,9 x 23,5 cm.
*''Bij de boerderij in de winter'', oaljeferve op doek, 51x71 cm
 
== Galery ==
<gallery>
ofbyld:WLANL - artanonymous - De hooikar.jpg|''De heawein'', 1878-1888, Gemeentemuseum Den Haach
Rigel 38:
</gallery>
 
== Keppeling om utens ==
*[http://www.devalk.com/kunstenaars/mauve/mauve.html Anton Mauve op www.devalk.com]