Neostilen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Neostylen werneamd ta Neostilen: Meartal
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1:
[[Ofbyld:Fronton carre.jpg|thumb|right|''Fronton teater Carré'']]
'''Neostilen''' binne [[Styl (keunst)|boustil]]en dêr't yn weromsjoen wurdt op de de arsjitektuer fan de [[gotyk]], de [[Renêssânse|renêssânse]] en de [[barok]].
 
Rigel 8:
Yn it earstoan wie der in soad krityk op it bouwen yn dizze tiid, mar dat is feroare: de [[19e ieu]]ske arsjitektuer wurdt wer folop wurdearre. Faaks sil nostalgysk fielen harres dêr ta dwaan.
 
== Neo-Grec (1815-1845) ==
De Neo-Grec is in foarm fan neoklassisisme, in typyske oergongsstyl fan it lette [[klassisisme]] fan de 18e ieu nei de neostilen fan de 19e ieu. Skaaimerken binne de klassike foarmen, mei [[pylder (boukunde)|pylders]], [[argitraaf (boukeunst)|argitraven]] en [[Fronton (boukunde)|frontons]]. Ek de wytpleistere ynterieurs binne typysk foar dizze styl.
 
== Willem II-gotyk (1830-1860) ==
De fan kening [[Willem II fan de Nederlannen|Willem II]] propagearre [[gotyk]] hat as wichtich skaaimerk de wize wêrop konstruksjes dy't oarspronklik yn bakstien en natuerstien útfierd wiene, neimakke wurde yn gips en plasterwurk. In wichtich ferskil mei de lettere [[neogotyk]] is dat goatyske foarmen dekoratyf tapast wurde en dat de goatyske bouprinsipes nocch net begrepen waarden. Yn Willem II-gotyk waarden ek Ingelske romantyske ynfloeden ferwurke.
 
Rigel 17:
Boustyl dy't benammen yn de tsjerkebou faak en lange tiid tapast is. Ynspiraasje kaam fan de midsieuske foarbylden mei harren spitsbôgen, bôgefriezen, pinakels en trije- en fjouwerpasfoarmen. Nei om-en-de-by [[1875]] waard de gearhing tusken arsjitektuer en oanklaaiing fan tsjerken mear ta ien konsept.
 
== [[Eklektisisme]] (1850-1880) ==
Yn it eklektisisme wurde ferskillende histoaryske stilen gearfoege ta in nij gehiel. De basis is hjirfoar leit meast by it [[neoklassisisme]].
 
== Neorenêssânse (1870-1915) ==
In faak foarkommende en lang tapaste boustyl dy't in soad farianten kendhat. De styl grypt werom op motiven fan de [[renêssânse]]boukeunst en dan foaral de Hollânske ferzje dêrfan. De trepgevels, speklagen, de horizontale linen dy't de gevel in 'flakken' ferdiele, blokken en krúskezinen binne wichtige skaaimerken. Fierders fynt men der ynfloeden út de Frânske boustyl fan de François I Loirekastielen mei rike, natuerstiennen gevels en ymposant dakpartijen, of Italjaanske foarbylden sa as pylders en rûnbôgen, yn de [[Neorenêssânse]] werom.
 
{{boarnen|boarnefernijing=