Aleksej Savrasov: ferskil tusken ferzjes

st
(tikflaterkes)
(st)
[[Image:Savrasov photo.JPG|frame|right|''Alexei Kondratyevich Savrasov'', 1870er jierren'']]
'''Alexei Kondratyevich Savrasov''' (''Алексе́й Кондра́тьевич Савра́сов'') ([[24 maaie]] [[1830]] –- [[8 oktober]], [[1897]]) wie in [[Ruslân|Russysk]] lânskipsskilder en skepper fan de ''lyryske lânskipsstyl''.
 
== Biografy ==
Savrasov waard berne yn in keapmansfamylje. Hy tekene al mei jonge jierren en waard yn 1838 studint by professer Rabus oan de Skoalle foar Skilderkeunst, Byldhoukeunst en Arsjitektuer yn [[Moskou]], dêr't er yn 1850 ôfstudearre. Hy spesjaliserre him fuortendaliks yn it lânskipsskilderjen.
[[Image:RooksBackOfSavrasov.jpg|thumb|250px|left|''De roelen binne werom'' skildere troch Savrasov by it Ipatjev-kleaster yn [[Kostroma]].]]
Yn 1852 reizge er nei de [[Oekraïne]]. Yn 1854 set er him ta wenjen yn de omkriten fan Sint Petersburch, útnoege troch Gruthartoginne Maria Nikolayevna, foarsitter fan de Keizerlike Akademy fan de Keunsten. Yn 1857 waard Savrasov learaar oan de Moskouske Skoalle foar Skilder keunstSkilderkeunst, Byldhoukeunst en Arsjitektuer. Syn bêste learlingen, [[Isaak Levitan]] en [[Konstantin Korovin]] bewûnderen him en binne altyd tankber bleaun.
 
Yn 1857 boaske er oan Sophia Karlovna Hertz, suster fan keunsthistoarikus K. Hertz. Yn harren hûs ûntfongen sy keunstners en keunstsamlers lykas [[Pavel Tretjakov]]. Savrasov waard in goede freon fan [[Vasili Perov]]. Perov holp him mei it skilderjen fan de figueren yn it skilderij ''De [[Wolga]] by Joerjevets''; Savrasov skildere de lânskippen yn Perov syn ''Fûgelfanger'' en ''Jagers bivak''.
</gallery>
 
== Referinsje ==
[[Image:Grave-savrasov.jpg|thumb|right|Savrasov's grêf op begraafplak Vagankovo (Moskou)]]
*F.&nbsp;S.&nbsp; Maltseva, ''Alexei Kondratyevich Savrasov'', Leningrad, 1989, ISBN 5-7370-0175-X
 
 
56.999

bewurkings