Pavel Michailovitsj Tretjakov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Pavel Tretjakov; tekstwiziging
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1:
[[Ofbyld:Repin tretyakov.jpg|thumb|right|250px|''Pavel Michailovitsj Tretjakov. Portret troch [[Ilja Repin]]. '']]
[[Ofbyld:Tretyakovskaya gallery.JPG|thumb|right|250px|''De [[Tretjakov Galery]] mei in stânbyld fan Tretjakov dêrfoar.'']]
 
'''Pavel Michailovitsj Tretjakov''' ([[Russysk]]: ''Павел Михайлович Третьяков'') ([[Moskou]], [[27 desimber]] [[1832]] - aldaardêre, [[16 desimber]] [[1898]] [[Juliaanske kalinder]]) wie in stienrike [[Ruslân|Russyske]] tekstylfabrikant, [[filantropy|filantroop]] en keunstsamler. Syn broer Sergej M. Tretjakov wie ek in ferneamd beskermer fan keunst en filantroop.
== Jeugd ==
Tretjakov krige thús privee-ûnderwiis. Yn 1850 erfde er syn heite saak en boude dêrnei in bloeiende hannel yn [[flaaks]] op. Syn bedriuw makke ek linnen en ferkocht [[tekstyl]].
 
Mei oare Moskouske hannelslju stifte er in bank en waard ien fan de direkteuren; fierders stie er oan de widze fan grutte firmas en de Moskouske hannels- en yndustrymaatskippij. Hy wie goed foar sa'n 4.4 miljoen roebel, oan fêst guod (alinne yn Moskou fiif grutte huzen), fersekeringen en noch net betelle rekkeningenrekkens.
 
== Keunstsamling Tretjakov ==
Tretjakov sette útein mei it garjen fan keunst doe't er noch mar 24 jier wie; syn earste oankeap bestie út 10 doeken fan âlde [[Nederlân]]ske masters, mar syn grutte doel wie om in nasjonale galery foar Russyske keunst te stiftsjen.
 
Hy is de skiednisboeken yngien as [[mesenas]] en grutte stiper fan de yn [[1870]] oprjochte skildersgroep ''[[De Swalkers]]'' (''Peredvizjniki''), dêr't û.o. [[Vasili Soerikov]], [[Ilja Repin]] en [[Vasili Perov]] ta hearden. Yn't earstoan hie er in galery yn syn eigen went, mar dy waard rillegau te lyts út reden fan syn hieltyd grutter wurdende samling. It hûs waard dêrom in pear kear oanpast en fergrutte tusken 1870-1880 nei in ûnwerpûntwerp fan arsjitekt Kaminski. Fan 1881 ôf krige de gallery in soad oanrin; tsjin 1885 kamen er sa'n 30.000 minkenminsken yn't jier.
 
Yn 1892 erfde Tretjakov de samling West-Jeropeeske skilderijen fan syn broer en sette dy yn twa aparte sealen. Tsjin dy tiid wie syn galery like wichtich as de oare grutte museums yn Ruslân; it hearde doe al ta de nijsgjirrichedennijsgjirrichheden fan Moskou.
 
De mânske keunstkolleksje (1287 skilderijen en 518 grafysk wurk fan de Russyske skoalle, 75 skildrijenskilderijen fan West-jeropeeskJeropeesk komôf, 15 bylden en in samling ikoanen) droech er yn [[1892]] oan de stêd Moskou oer en foarme dêre sa de grûn foar de hjoeddeiske [[Tretjakovgalery]]. Op 15 augustus 1893 wie de offisjele iepening fan it museum dat doe noch "Pavel en Sergej Tretjakov Stêds Keunstgalery" hjitte.<br />
Tretjakov stoar mei 66 jier yn syn berteplak [[Moskou]].