Frâns Joazeflân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tikflaterke
red.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Frans Josefland Ligging.gif|260px|thumb|Lokaasje yn de [[Noardlike Iissee]]]]
'''FransFranz JozefJosef(s)landlân''' ([[Russysk]]: Земля Франца Иосифа, ''Zemlja Frantsa Iosifa'') is in kloft fan sa'n 187 (of 191?) fulkanyske eilannen noardeastlik fan [[Spitsbergen]], bewesten fan de eilannengroep Severnaja Zemlja ([[Noardlân (arsjipel)|Noardlân]]) en benoarden [[Nova Sembla]] en de [[Barentssee]]. Hja binne part fan de [[Ruslân|Russyske]] oblast [[Archangelsk]]. De eilannen hawwe in totaal oerflak fan 20.700 km² (neffens oare boarnen 16.090 km²) en binne it noardlikst gebiet fan sawol [[Europa]] as Ruslân. Kaap Fligely (''August von Fligely'') op it Rudolfeilân (''ostrov Roedolfa'') is it meast noardlike punt fan de kloft. De eilannen lizze yn de tiidsône fan de oblast Archangelsk ([[Moskoutiid|MSK/MSD]]).
 
De eilannen waarden yn [[1873]] tafallich ûntdekt yn de [[Eastenryks-Hongaarske Noardpoalekspedysje]] troch poalûndersikers [[Julius von Payer]] en [[Karl Weyprecht]] en neamd nei Keizer [[Frans Jozef I fan Eastenryk|Frans Jozef I]].
Rigel 10:
[[Ofbyld:FranzJosefLand2.gif|right|thumb|350px|Kaart fan Franz Joseflân.]]
== Klimaat ==
Der hearsket in strang arktysk kilmaat op de arsjipel en stoarmje docht it der faak. Oan de ein fan de koarte simmer is it faak mistich. De temperatuer is simmers trochsneed +2 °C en -22 °C yn de winter. De lêste jierren wiene de temperatueren útsûnderlik, fan +10 °C en -48,9 °C. Dizze feiten komme fan it waarstasjon ''Nagoerskoje'' op Alexander-Lân yn it westen fan de arsjipel.
 
De eilannen lizze oan de râne fan de pakiisgrins. Dat betsjut dat it iis benoarden fan de arsjipel ek simmerdeis net raant.
 
== FloraFloara en fauna ==
Sa ticht by de noardpoal waakst net folle. Op FransFranz JozeflandJozeflân binne ferskillende soarten [[mosmoas]] en gers. Der komme in stik as wat simmerbloeiers foar mei in koarte libbenssyklus. Op guon fan sinne bskyndebeskynde sniefjilden waakse [[algen|iisalgen]] dy't opfallende kleuren hawwe, sa as skarlekkenread en gersgrien.
 
De meast foarkommende bistesoarten binne [[walrus]]sen, [[seehûnen]], [[poalfoks]]en, [[iisbear|iisbeereniisbearen]] en ferskate insektesoarten. De kliffen en strannen wurde doortroch [[seefûgels]] befolke dy't hjir ek harharren jongen krije. Allinne de iisbeer oerwinteretoerwintert op de arsjipel.
 
== De arsjipel (kar út) ==
Rigel 27:
* '''[[Rudolfeilân]]''' (''Ostrov Roedolfa'') is it meast noardlike eilân en dêrwei setten de poalekspedysjes ein 19e ieu en begjin 20e ieu útein. Dit barde fanút de Teplitz-baai, dêr is in koarte lanningsbaan op it iis oan de foet fan de gletsjer.
* '''[[Wiener Neustadteilân]]''' (''Ostrov Viner Nejsjtadt'') hat de heechste berch fan de eilannekloft.
* '''[[Ziegler-eilân]]''' (''ostrov Ziglera''), hjir wie it Eastenrykske[[Eastenryk]]ske observaasjestasjon "Payer-Weyprecht".
[[Ofbyld:Kap tegethoff gross.jpg|thumb|''Kaap Tegetthoff'']]
[[Ofbyld:Northbrookisland fj.jpg|thumb|''Northbrook-eilân'']]
== Skiednis ==
It seegebiet om Frans Jozefland hinne waard yn de [[17e ieu]] troch robbejagers en walkisjagers ûntdekt. Oanwizings dêrfoar foarmje de dokuminten fan de Nederlânske seefarder [[Cornelis Roule]] út [[1675]]. Yn [[1868]] met de Noar [[Nils Fredrik Rönnebeck]] in oantal eilannen en easke it lân foar [[Noarwegen]] op. Hy neamde it ''Rönnebecks-lân''. Op 30 augustus [[1873]] ûntduts de Eastenrykse ekspedysje fan [[Karl Weyprecht]] en [[Julius von Payer]] it eilân Gallia (''ostrov Gallja'') op'en nij. De arsjipel, dy't doe noch ta Noarwegen hearde, waard doe earst nei keizer Frans Jozef I ferneamd. It súdlik gebiet waard foar en nei de oerwintering fan 1873/74 ferkend. De poalûndersikers [[Fridtjof Nansen]] en [[Fredrik Hjalmar Johansen|Hjalmar Johansen]] oerwinterden yn 1895/96 op Kaap Noarwegen op it Jacksoneilân (''ostrov Dzjeksona'') nei't it harren net slagge wie om de noardpoal te berikken. De folgjende simmer moeten hja de Britske poalûndersiker [[Frederick Jackson]].
 
Op it plak fan de earste ûntdekking op Kaap Tegetthoff (Mys Tegetchof) waard by de [[Walter Wellman-Ekspedysje]] (1898-1899) in tinkstien oprjochte(koördinaten: dm|80|05|N|58|01|E|type:landmark|NB|OL). Op Kaap Geller op [[Wilczeklân]] (''Zemlja Viltsjeka''; neamd nei [[Johann Nepomuk Graf Wilczek]]) oerwinteren yn 1899 ek in oantal leden fan de Welle-Ekspedysje. Yn [[1901]] moasten de ekspedysjeleden fan de Amerikaanske [[Evelyn Baldwin]] op it [[Alger-eilânAlgereilân]] (''ostrov Aldzjer'') oerwinterje. Op it Northbrook-eilân waard yn 1904 stienkoal dold troch in expedysje dêr't it skip fan letter by it Rudolf-eilân sonk.
 
Yn 1926 kaam Frans Jozeflân oan de [[Sovjet-Uny]] en tusken 1929 en 1963 wie de Tichaja-baaiTichajabaai op Hooker-eilânHookereilân (''ostrov Goekera'') it wichtichste begjinpunt foar poalekspedysjes. Yn 1931 fleach LZ 127 "[[LZ127 "Graf Zeppelin"|Graf Zeppelin]]" oer de arsjipel oant oer de noardlikste lânpunt (Kaap Fligeli).
 
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] wie der tusken augustus 1943 en july 1944 in geheim Dútsk waarstasjon mei de koadenamme "Schatzgräber" op Alexanderlân. It personiel moast der lykwols wei út reden fan sykte. De materialen waarden yn oktober 1944 troch [[ûnderseeboat]]en fuorthelle.
Rigel 42:
Yn de [[Kâlde Oarloch]] wie de hiele arsjipel ôfsletten gebiet fanwege syn strategyske lizzing. Op [[Graham Belleilân]] (''ostrov Greem Bell'') wie in bommewerpereskader stasjonearre.
 
Op 23 desimber 1996 ferûngemakke in Russyske fleanmasine ([[Antonov An-72]]) by de lanning op fleanfjid ''Nagoerskoje''. Yn april/maaie 2005 waard de Payer-Weyprecht-betinkingsekspedysje mei spesjale tastimming nei FransFranz JozeflânJoseflân makke. De modern útrisse groep bestie út twa Easterikers, twa Russen en in poalhûn.
 
== Literatuer ==