Valentin Serov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
red.
Rigel 7:
Serov waard tige populêr, en krige opdrachten út de heechste fermiddens. Sjoch it skilderij fan gruthartoch [[Pavel Aleksandrovitsj fan Rusland|Pavel Aleksandrovitsj]]. Tagelyk makke er lykwols ek yntime tafreeltsjes mei lytse bern dy't yn it gemoed taaste.
 
Fan 1900 ôf gie Serov oer fan in [[Ympresjonisme|ympresjonistyske]] styl nei mear modernistyske. Ut dy tiid binne bekend de portretten fan de skriuwer [[Maksim Gorki]], de aktrise [[Maria Jermolajeva]] en de ferneamde [[bas (sjongstim)|bas]] [[Fjodor Sjaljapin]]. Uit protest tegen de ''Bluodrige Snein'' ([[9 jannewaris]] [[1905]]) ferliet er de Akademy fan Skoandere Keunsten fan Sint-Petersburch. Dêrnei makke er meast [[histoarjestik]]ken. Yn syn lettere jierren makke er ek faker lânskippen.
 
Serov wie learaar oan de [[Moskou]]ske Skoalle foar Skilderkeunst, Byldhoukeunst en [[Arsjitektuer]] fan 1897 oant 1909. Hy hat dêr lesjûn oan ûnder oaren [[Pavel Koeznetsov]], [[Nikolaj Sapoenov]], [[Koezma Petrov-Vodkin]], [[Nikolaj Oeljanov]] en [[Konstantin Joeon]]. Serov is bedobbe op it Novodevitsji-begraafplak yn Moskou.