Beare-eilân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st. + ferw.
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 3:
'''Beareneilân''' ([[Noarsk]]: ''Bjørnøya'') is in [[eilân]] dat sa'n bytsje healwei [[Spitsbergen]] en de [[Noardkaap]] leit. Bestjoerlik heard it ta Spitsbergen. Beareneilân mei net betiisd wurde mei de Russyske [[Beareneilannen]].
 
== Geografy ==
[[Ofbyld:Uria lomvia 2.jpg|thumb|left|200px|''Hege kliffen fan Beareneilân'']]
It eilân hat in trijehoekige foarm. De ôfstân fan noard nei súd is likernôch 20 km, de grutste breedte fan east nei west is sa'n 15 km, it oerflak is 178 km², dat is rom twa kear de grutte fan [[Skylge]]. Hast it hiele eilân, mei de wetters rûnom, is natuerreservaat. Allinne in stikje om it waarstasjon yn Herwighamma falt dêrbûten.
Rigel 15:
De [[poalnacht]] begjint op 8 novimber en duorret oant 3 febrewaris. De [[middernachtsinne]] skynt fan 2 maaie oant 11 augustus.
 
==Flora Floara en fauna ==
Beareneilân is frijwat keal. Der is hast gjin plantegroei, wol wat [[mosmoas]]senen en gêrssoartengerssoarten, mar gjin beammen of strûken.
 
De [[Iisbear|iisbear]] hat it elân syn namme oan te tankjen, mar it rôfdier is der gjin fêste bewenner. Yn de winter komme dêr wol iisbearen út it noarden wei, fan [[Spitsbergen]]. It ienige oare lân[[sûchdier]] dat men der fine kin is de [[poalfoks]]. Yn de wetters om it eilân libje ferskate soarten [[seehûn]]en. De [[walrus]] is tsjintwurdich tige seldsum. De fierdere fauna bestiet út fûgels.
 
{|
Rigel 37:
Yn it Spitsbergen-ferdrach (1920) waard Beareneiland neamd as part fan [[Spitsbergen]] en kaam it oan [[Noarwegen]].
 
Omdat de skipsrûtes fan de [[Atlantyske Oseaan]] nei de havens oan de [[Wite See]] troch de [[Barentssee]] rinne, wie Beareneilân fan grut strategysk belang yn de [[Twadde Wrâldkriich]] (WO II) en ek yn de [[Kâlde Oarloch]]. De DútskersDútsers hiene yn WO II bemanne waarstasjons op Spitsbergen, mar beheinden harren ta in automatysk radiostasjon op Beareneilân yn 1941. De Dútske marine hat ferskate konvoaien op wei nei [[Moermansk]] oanfallen yn de omkriten fan Beareneilân en brochten dy swiere ferliezen ta. Lykwols wienen hja net sa súksesfol yn de [[Slach yn de Barentssee]] op Nijjiersdei 1942. Súdeastlik fan it eilân hat yn 1943 mear fjochterij tusken oarlochsskippen west.
 
De iennige bewenners binne it personiel fan it Noarske [[waarstasjon]] yn Herwighamna. By it stasjon is in lanningsplak foar helikopters fan de Noarske kustwacht.