Slobodan Milošević: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wat útwreide
Rigel 3:
 
== Libbensrin ==
Slobodan wie de twadde soan fan de famylje Milošević. Syn âlden wienen Montenegrinen. Slobodon fielde him lykwols mear Servysk, oars as syn broer, dy't warber wie yn de polityk yn Montenegro. Syn beide âlden dienen harsels tekoart. Syn heit skeat himsels yn 1962 del, syn mem hong harharsels yn 1974 op.
 
Yn 1959 waard Slobodan Milošević lid fan de kommunistyske partij. Hy studearre rjochten oan de universiteit fan [[Belgrado]]. Yn 1984 waard er partijlieder foar de ôfdieling Belgrado. Yn 1987 waard er partijlieder fan de dielsteat Servje. Yn [[1989]] waard er presidint fan de dielrepublyk [[Servje]]. By de earste frije ferkiezings sûnt de [[Twadde Wrâldkriich]] waard Milošević op 'e nij keazen as presidint mei 65 persint fan de stimmen. Yn it ramt fan de 'antyburokratyske revolúsje' hefte er as krekt keazen presidint de autonome status fan de gebieten [[Kosovo]] en [[Vojvodina]] op. Op 28 juny 1989 hold er syn taspraak by 600e betinking fan de Slacht op it Amselfjild, de saneamde Amselfjild-taspraak.
 
[[Sloveenje]] krige nonei 10 dagen kriich mei Servje syn ûnôfhinklikens. Foar Milošević hie Sloveenje net folle wearde, omdat der hast gjin etnyske Serven wennen. Dat wie oars yn [[Kroaasje]], dêr't 650.000 Serven wennen. Dêr waard fûl fochten yn Vukovar en yn de krajina's. Kroaasje en Sloveenje ferklearren harsels yn 1991 ûnôfhinklik. Dêrnei folge [[Bosnje en Hersegovina]]. Linkedewei waard it Albaneeske ferset út Kosovo wei hieltyd grutter. Yn 1992 begûn de kriich tsjin Bosnje en Hersegovina. Milošević besocht Bosnje en Hersegovina, dêr't 40% moslims, 32% Servjers en 17% Kroaten wennen, op te dielen mei de Kroatyske presidint Tudjman. Dat plan mislearre. Troch militêre druk út it westen einige de kriich mei Bosnje en Hersegovina mei it Ferdrach fan Dayton.
 
Yn de njoggentiger jierren fan de 20e ieu it skeel tusken de Albaanjers en de Servyske minderheid yn Kosovo hieltyd slimmer. Yn 1996 kaam it ta in wapene konflikt tusken it Kosovaarske Befrijdingsleger (UÇK) en de Servyske polysje. Troch de stipe fan de [[NAFO]] oan de Albanezen yn Kosovo en de ferhûddûke hâlding fan Milošević begûn yn 1999 de Kosovo kriich. Kosovo kaam ûnder it bestjoer fan de [[Feriene Naasjes]], mar hearde formeel noch by Servje. Dat hat Slobodan Milošević skeind. By de presidintsferkiezings fan 24 septimber 2000 wie de winst as gefolch fan fraude tawiisd oan Milošević. Nei lange protesten en grutte demonstraasjes en in folksopstân op 2 oktober 2000, moast Milošević belies jaan as presidint fan Servje.