Slobodan Milošević: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 11:
Yn de njoggentiger jierren fan de 20e ieu waard it skeel tusken de Albaanjers en de Servyske minderheid yn Kosovo hieltyd slimmer. Yn 1996 kaam it ta in wapene konflikt tusken it Kosovaarske Befrijdingsleger (UÇK) en de Servyske polysje. Troch de stipe fan de [[NAFO]] oan de Albanezen yn Kosovo en de ferhûddûke hâlding fan Milošević begûn yn 1999 de Kosovo kriich. Kosovo kaam ûnder it bestjoer fan de [[Feriene Naasjes]], mar hearde formeel noch by Servje. Dat hat Slobodan Milošević skeind. By de presidintsferkiezings fan 24 septimber 2000 wie de winst as gefolch fan fraude tawiisd oan Milošević. Nei lange protesten en grutte demonstraasjes en in folksopstân op 2 oktober 2000, moast Milošević belies jaan as presidint fan Servje.
 
Yn 'e maitiid fan 1999 waard Milošević troch it Ynternasjonaal Joegoslaavje-tribunaal oanklage foar kriichsmisdieden en misdieden tsjin it minskdom troch it Ynternasjonaal Joegoslaavje-tribunaal. Op 1 april waard Milošević pakt yn Belgrado pakt.