Ardinnenoffinsyf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
Rigel 8:
[[Ofbyld:Battle of the Bulge 5th.jpg|thumbnail|300px|''5e Pantserleger'' sintraal]]
[[Ofbyld:Battle of the Bulge 7th.jpg|thumbnail|300px|''7e leger'' súd]]
Om de Alliearde oermacht yn 'e loft moast it offensyf winterdeis plakfine, leafst mei min waard as de fjochtfleanmasinen fan de Alliearden problemen hienen om fan 'e grûn te kommen. It offensyf wie yn 't foar sa geheim dat sels de hegere offisieren gjin doel hienen oer it plan. It Dútske ''Heeresgruppe B'' en de ''Oberbefehlshaber West'' hienen fan noard nei súd in front fan 100 kilometer. Lykas yn 1940 soenen de Dútske pansertroepen it paad troch it wylde gea fan de Ardennen sljochtsje. It belangrykste doel wie de seehaven fan Antwerpen dat oars in stipepunt fan de Alliearden wurde soe. Earst moasten de Dútsers nei de [[Maas]] ta, dan by [[Luik]] del en by it Albertkanaal lâns nei Antwerpen. Dêrby soe dan in part fan de Alliearden by Aken en Maastricht ynsletten wêze wêrfoar de rjochterflank fan de Dútsers ornearre wie. Strategysk wie it Ardennenoffensyf lang net min. De Amerikaanske troepen hienen al grutte ferliezen, dêrtroch krigen se doe in soad soldaten sûnder ûnderfining, en de ferwûne soldaten hienen der har rêstpunt. Meiïnoar hienen de Amerikanen fjouwer divyzjes oan it front. De Amerikanen hienen de Dútsers sa leech noch net as it gong oer offensyfmooglikheden, dêrmei waard ek al in bytsje rekken holden. De Alliearden wienen nei de mislearre [[Operation Market Garden]] fan septimber 1944 dwaande mei nije plannen foar offensiven, noardlik en súdlik fan de [[Ardennen]]. De Britten koenen mei tank oan Alan Turing yn Bletchley Park it Dútske radioferkear neigean. Lykwols kamen de belangrykste Dútske befelen net oer de radio mar mei koerier nei it front. De Alliearden wisten dus neat fan troepenferskowingen, oare militêre kaaifeiten ûntbrieken wêrtroch se net rjocht
wisten wat der oan de oarekant barde.
 
Bysûndere stipe fan Dútske kant foar it offensyf oppenearre him yn twa lytse aksjes:
# Unternehmen Greif wie de namme foar in keppel Dútske soldaten ûnder befel fan Otto Skorzeny. De soldaten koenen allegear poerbêst Ingelsk en soenen mei Amerikaanske uniformen de Alliearden ferrasse. Dêrfoar hienen se ek oare middels sa as 2 Sherman-tanks en Alliearde gewearen. Doel fan Unternehmen Greif wie om safolle mooglik betizing efter de fijanlike liny's te skoppen. Soldaten fan Unternehmen Greif soenen ek de brêgen oer Maas weromferoverje.
# Unternehmen Stösser wie in aksje yn de nacht fan 16 op 17 desimber wêrby 1300 parasjutisten 11 kilometer noardlik fan [[Malmedy]] delkomme soenen om Amerikaanske oanfierrûtes ôf te sluten. Troch min waar koe in fyfde-part mar op it plak komme, de oaren foelen ferdield oer de hiele Ardenen nei ûnder.
 
It ferrassingsoffensyf die yn it earstoan fertuten foar de Dútsers. It Amerikaanske front waard fuortreage, it weromlûken fan de Amerikanen rekken yn ûnstjoer. Generaal Dwight D. Eisenhower holdt lykwols de kop derby en seach it strategyske belang. Fuort joech Eisenhouwer it befel oer de troepen noardlik fan de Dútske opmars oan [[Bernard Montgomery]], súdlik oan [[Omar Bradley]]. Tagelyk waard in part fan de strategyske reserve, de 82ste Airbornedivyzje en de 101ste Airbornedivyzje, mobilisearre en Britske reservisten moasten ree wêze foar ynset. Eisenhower stjoerde generaal George S. Patton mei syn third army yn it [[Saarlân]] nei it noardwesten om de Dútske opmars út it suden wei op te kearen. Generaal Anthony McAuliffe mei de 101 Airbornedivyzje soe de kop fan de Dútske opmars temjitte. De 101 Airborndivyzje focht tusken 21 desimber 1944 oant 13 jannewaris 1945 de ferwoeden striid om Bastenaken, in wichtich ferkearsknooppunt. It slagge de Dútsers net om de stêd te feroverjen en boppedat duorre it te lang wêrtroch generaal Patton mei syn third army de kâns hie om by de 101 Airborne te kommen. Nei de kryst like it waar wat te betterjen en dat die fertuten foar de Alliearde oermacht yn de loft. De Dútsers besochten it op 1 jannewaris ek mei in loftoanfal, Unternehmen Bodenplatte, de lêste grutte loftoanfal fan de [[Luftwaffe]]. It Ardennenoffensyf einige op 21 jannewaris 1945, alhoewol't de Eastkantons fan Belgje pas yn febrewaris 1945 troch de Alliearden weromferovere waard.
Rigel 37:
[[it:Offensiva delle Ardenne]]
[[ja:バルジの戦い]]
[[ka:არდენის ოპერაცია (1945)]]
[[ko:벌지 전투]]
[[lb:Ardennenoffensiv]]