It Machtige Heapke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
red.
Rigel 12:
Utsein Balakirev, dy't noch wat muzikaal ûnderrjochte wie, hie net ien fan dizze komponisten in muzikale eftergrûn; Cui, Moessorgski en Rimski-Korsakov wienen militêren en Borodin wie [[gemikus]]. Hja setten útein mei ''selsûnderrjocht''; dit hold yn dat 'wy al it wurk fan de grutte komponisten trochspilen en elts stik wat technyk en kreativiteit oangie bekritisearren en analysearren.' (C.A. Cui, ''Izbrannje stat'i'').
 
De componistenkomponisten rjochten harren benammen op de Russyske [[folksmuzyk]], dy't gaadlik wie út reden fan har tagonklikens (it selskip hie ommers mar in bytsje muzikale kennis) en troch it feit dat it tige oansleat by it nasjonalistysk tinken. Vooral Balakirev ferwurke in protte melodieën fan folkssankjes yn syn wurk.
 
De nuveraardige namme fan de groep ûntstie sa: yn [[1867]] wie der in konsert ûnder lieding fan Balakirev. In [[Vladimir Stassov]] brûkte de folgjende wurden yn syn resinsje:
 
''"God jout, dat ús Slavyske gasten dit konsert noait ferjitte. Mei God jaan, dat hja foar altyd ûnthâlde, hoefolle poëzij, gefoel, talint en fakmanskip it lytse, mar '''machtige heapke''' fan Russyske komponisten ta harren foldwaan hat.''
 
Dat de namme ''It Machtige Heapke'' is fan de muzykresinsist Stassov.