Hendrik Jan Popping: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: '''Henrik Jan Popping''' (Easterwâlde, 23 april 1885 - 10 augustus 1950) wie in boekhanneler en boekeprinter en amateur-argeolooch. Hy folge syn heit [[Jan Hendr...
 
ferw.
Rigel 2:
 
Hy folge syn heit [[Jan Hendriks Popping]] yn de saak op en joech ek it wykblêd ''De Ooststellingwerver'' út. Popping hie krekt sa as syn heit in soad niget oan skiednis, benammen dy fan de [[prehistoarje]].
Hy publisearre in protte artikels en ferwurke dynsyn ideeën, dy't hoe langer hoe mear de kant fan it 'nij heidenske' en it [[nasjonaal-sosjalisme]] útskaaiden, yn jongesboeken en romans. Popping wie in pionier op it mêd fan wittenskiplik ûndersyk fan Súdeast-Fryslân.
 
Yn febrewaris 1948 wurdt Popping troch it ''Bijzonder Gerechtshof'' feroardiele ta 9 jier ''Rijkswerkinrichting met aftrek, ontzetting uit de kiesrechten en het uitgeversbedrijf voor het leven'', foar kollaboraasje mei de Dútske besetter.<ref>[[Ljouwerter Krante]], 11 febrewaris 1948.</ref>
 
Foar de roman ''Frijdom wie de heechste wet'' (Fryske ferzje fan ''Markward Portenga''), útbrocht ûnder de [[skûlnamme]] Friso Stellingwerf, waard in priis fan de [[Kristlik Fryske Folksbibleteek]] (KFFB) útjûn yn 1956. Doe't [[Freark Dam]] úntfâlde dat Popping de skriuwer wie, joech dat in soad opskuor yn de parse út reden fan Popping syn oarlochsferline.<ref>It artikel fan Freark Dam, “‘Naer ’s lands wijze verduytscht’ of it Geheim fan Friso Stellingwerf”, [[De Tsjerne]], 1956, s. 234-239.</ref>