Laaksum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
B. (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Laaksum''' (''offisjeel Frysk'') is in [[bourskip]] by [[Warns]] yn de gemeente [[Nijefurd]], yn it suden fan [[Fryslân]].
 
Laaksum leit yn [[Nijefurd]], direkt oan de [[Iselmar]]. Somtiden wurdt Laaksum ek wol in ''doarp'' neamd, benammen ''"It lytste fiskersdoarp fan Jeropa"''. Fan de fiskerij is yn Laaksum nei it ôfsluten fan de [[Sudersee]] neat mear oer. Allinne it gebou dêr't earder de [[hearring]] sâlte en rikke waard is noch as boufal oanwêzich. Oant krekt nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waard dêr alle dagen skrept om de moarns oanfierde hearring op'e tiid op de trein yn [[Starum]] te krijen. De fisk waard meast ferocht nei [[Dútslân]].
 
It havenstsje fan Laaksum spilet tsjintwurdich in beskieden rol yn it wettertoerisme, al hawwe de Laaksumers it leafst hurde wyn fan see: dan is der rêst yn it havenstsje fan Laaksum.
 
=== Sjoch ek ===
* [[Fryske doarpen#Buorskippen|Buorskippen]]
 
=== Keppeling om útens ===
*[http://www.mnopr.com/laaxum/ Webstee oer Laaksum]