Frédéric Bastet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: '''Frédéric Louis Bastet''' (Haarlim, 20 septimber 1926 - Oegstgeest, 29 juny 2008) wie in Nederlandse argeolooch, skriuwer, essayist, dichter en [[B...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 8 jan 2010 om 21.26

Frédéric Louis Bastet (Haarlim, 20 septimber 1926 - Oegstgeest, 29 juny 2008) wie in Nederlandse argeolooch, skriuwer, essayist, dichter en biograaf.

Bastet stiet bekend as in grutte Louis Couperus-saakkundige, oer wa't er yn 1987 in biografy it ljocht sjen litten hat. Foar syn essayistyske oeuvre krige Bastet yn 2005 de P.C. Hooft-priis.

Bastet studearre klassike talen en argeology oan de Ryksuniversiteit Leien. Yn 1958 promovearre er ta doktor yn de Letteren op in dissertaasje mei de titel De datum van het grote hypogaeum bij de Porta Maggiore te Rome. Fan 1966 oant 1976 wie er heechlearaar klassike argeology oan deselde universiteit. Hy waard opfolge troch dr. H.A.A.P. Geertman. Nei syn professoraat waard Bastet konservator fan de klassike ôfdieling fan it Ryksmuseum fan Aldheden.

Neist syn wittenskiplike arbeid skreau Frédéric Bastet biografyen, biografyske romans, fiksje, essay- en dichtbondels. Syn essays wjerspegelje in grutte kennis fan de Aldheid mar hy skreau en oer literatuer en muzyk.

Bibliografy (karút)

  • De aardbeving (1959, proazadebút)
  • Gedichten (1960, poëzijdebút)
  • Mr. Carel Vosmaer. Zijn achtergronden, zijn reizen, zijn tijdgenoten, zijn invloed (1967, debút as biograaf)
  • Wandelingen door de antieke wereld (fiifdielige rige mei in protte keunsthistoaryske beskôgings):
  • Duizendjarig dolen (1978)
  • Het maansteenrif (1979)
  • Naar paleizen uit het slik (1983)
  • De rest schuilt onder 't kruid (1985)
  • De horizon voorbij (1987)

Keppeling om utens