Brittanje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: en:Roman Britain; tekstwiziging
Rigel 2:
'''Brittanje''' ([[Latynsk]] ''Britannia'') wie de namme fan de Romeinske provinsje dy't it lettere [[Ingelân]] en [[Wales]] omfettet. De wichtichste stêd wie [[Londinium]], (tsjintwurdich [[Londen]]).
 
== Oermastering troch de Romeinen ==
De oermastering fan Brittanje begûn mei keizer [[Klaudius|Tiberius Claudius Drusus Nero Germanicus]] yn [[43]], mar de Britten bleaunen noch in skoft opstannich. Ferneamd wie de opstân fan [[Boudicca]] yn [[60]]-[[61]]. De Romeinen teagen ûnder [[Julius Agrikola|Agrikola]] fierder nei [[Skotlân]], mar út it noarden wei bleau it ferset fan de [[Pikten]]. Dêrom bouden de Romeinen twa ferdedigingsmuorren: De [[muorre fan Hadrianus]] en de [[muorre fan Antoninus Pius]].
 
Brittanje hat in skoft ûnderdiel fan it [[Gallo-Romeinske Ryk|Galyske keizerryk]] west ([[260]]-[[274]]), en in stikmannich jier letter ([[287]]) wie de súksesfolle generaal [[Karausius]] baas yn Brittanje. Hy waard lykwols fermoarde, en syn opfolger, [[Allektus]], waard ferslein troch keizer [[Konstantius I]], sadat yn [[296]] Britanje wer in diel fan it Romeinske Ryk wie.
 
[[ImageOfbyld:Romanbritain.jpg|thumb|left|Romeinsk Britannia mei de wichtichste diken en stêden]]
Healwei de [[3e ieu]] waarden de measte stêden fan stiennen muorren en ferdedigingswurken foarsjoen. Utsein Londinium wienen de stêden oer it generaal net grut.
 
Rigel 18:
Yn [[383]] waard generaal [[Magnus Maksimus]] troch it leger yn Brittanje as keizer útroppen. Maksimus hie mei [[Theodosius de âldere]] yn Brittanje op fjildtocht west, en hie sels in stikmannich oerwinnings helle. Hy stuts mei in grut diel fan syn troepen oer nei [[Galje]] om syn machtsgebiet út te wreidzjen. Neidat in grut diel fan de troepen weromgong waard Brittanje wer oanfallen. Mar yn [[388]] nei it ferstjerren fan Maksimus kaam de rêst op werom. Pas yn [[398]] kaam der wer in grutte oanfal fan de Pikten.
 
== De ein fan de Romeinske hearkappij ==
Yn [[402]] waard troch [[Stilicho]] in grut part fan de troepenmacht út Brittanje weihelle omdat it earne oars yn it ryk better ynsetten wurde koe. Germaanske folken as de [[Alanen]], [[Fandalen]] en [[Sueben]] makken tankber gebrûk fan de sitewaasje en foelen Galje oan. Oare legerûnderdielen yn Britanje kamen dêrby yn opstân. Ut har fermidden waard achterinoar ta keizer útroppen [[Marcus]], [[Gratianus (Britannia)|Gratianus]] en [[Konstantyn III|Konstantyn]]. De earste twa bleaunen mar koart oan it bewâld, mar yn [[407]] ûnder Konstantyn stuts sawat it hiele Romeinske leger it Kanaal oer nei Galje. Konstantyn waard nei in stikmannich jieren fan in protte striid (tsjin ynfallers, tsjin keizer [[Honorius]] en tjin oare opstânnelings en troanpretindinten) úteinlik yn [[411]] ferslein en deade. Yn [[409]] wiene der yn Brittanje gjin Romeinske soldaten mear en der soenen ek gjin troepen mear hinne stjoerd wurden.
 
[[Kategory:Romeinske provinsje]]
Rigel 30:
[[da:Romersk Britannien]]
[[de:Großbritannien in römischer Zeit]]
[[en:Britannia (Roman province)Britain]]
[[eo:Britannia]]
[[es:Britania (provincia romana)]]