Kalvinisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 12:
It kalvinisme is festlein nei de dea fan Kalvyn. Dit barde tidens de [[synoade fan Dort]] ([[1618]]-[[1619]]). De oanlieding fan dizze synoade wie reboelje tusken [[Fransiskus Gomarus]] en [[Jakobus Arminius]]. De synoade fan Dort hat in soad ynternasjonale oandacht krigen. De lear fan Arminius hat it ferlern en wurdt trocht de synoade feroardielt.
 
Fan sawol Arminius as Gomarus kin sein wurde dat se oare ideëen hienen as Kalvyn sels. Dochs is de lear fan GamarusGomarus en net de lear fan Kalvyn úteinlik wrâldwiid ferneamd wurden as it kalvinisme.
 
It kalvinisme is yn ferskate parten fan Jeropeeske lannen en sels fier derbûten de haadstreaming wurden fan it kristendom. Dat wie ek it gefal foar Nederlân. De [[Nederlânske grûnwet]] foar in part basearre op kalvinistyske prinsipes en stânpunten. Hjoed de dei is it [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Katolike leauwen]] de grutste streaming fan it kristendom yn Nederlân. Mar de op ien nei grutste streaming is noch hieltyd it kalvinisme. Yn [[Dútslân]] en [[Skandinaavje]] is foaral it lutheranisme in wichtige streaming.
 
De grutte mearderheid fan de Afrikaansk-talige befolking fan [[Súd Afrika]] en [[Namybje]] is ek oanhinger fan it kalvinisme. It kalvinisme wie eartiids ek yn [[Poalen]], [[Eastenryk]], [[Hongarije]] en [[Roemeenje]] wichtich.
 
 
== Kalvinisme en kapitalisme. ==