Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
Wat útwreide
Rigel 1:
[[Ofbyld:EGKS.png|right|thumb|100px200px|Lannen fan de EMKS]]
 
De '''Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel''' of de '''EMKS''' wie in organisaasje fan 6 Jeropeeske lannen dy't levering fan stiel en koalen fersekere moast foar de weropbou fan Jeropa nei de [[Twadde Wrâldkriich]]. De EMKS ûnstie mei it tekenjen fan it [[Ferdrach fan Parys (1951)|Ferdrach fan Parys]] yn 1951 troch de lannen fan de [[Benelúks]], [[West-Dútslân]], [[Frankryk]] en [[Itaalje]]. De EMKS wie in foarrinder fan de [[Jeropeeske Uny]] en waard yn 2002 opheven.
 
== Skiednis ==
De EMKS waard op 18 april 1951 mei it [[Ferdrach fan Parys (1951)|Ferdrach fan Parys]] oprjochte en wie op 23 july 1952 fan krêft. De grûnslach fan it EMKS-ferdrach wie it Schuman-plan, in inisjatyf fan de Frânske minister fan Bûtenlânske Saken. Doel fan de EMKS wie in mienskiplike merk foar koalen en stiel, dy't frij ferhannele wurde mochten tusken de lidsteaten. Troch it Ferdrach fan Parys kamen de eardere rivalen Frankryk en Dútslân elkoar aardich yn 'e mjitte. Sûnder koalen en stiel koe in lân allinnich net samar in kriich begjinne. Neffens [[Robert Schuman]] wie ien fan de hegere doelen fan it plan it fersegeljen fan de Europeeske frede. Net langer wienen koalen en stiel ornearre foar kriichsdoelen, mar foar weropbou fan Europa.
 
It [[Fúzjeferdrach]] waard op 8 april 1965 tekene en wie yn 1967 fan krêft. Troch it Fúzjeferdrach krigen de EMKS, de [[Jeropeeske Mienskip|Europeeske Ekonomyske Mienskip]] en [[Euratom]] in mienskiplike ried, kommisje en budzjet. Formeel bleaunen de trije Europeeske mienskippen (organisaasjes) selstannich.
 
It Ferdrach fan Parys wie yn 1952 fan krêft mei in jildichheid fan fyftich jier. Yn 2002 rûn it ferdrach ôf en waard ûnder oare troch de ôfnimmende fraach nei koalen en stiel net mear ferlingd.
 
=== Dútslân-Frankryk ===
Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] stie it [[Ruhrgebiet]] as ûnderdiel fan de Britske besettingssône ûnder ynsternasjonaal tafersjoch. De ynfrastruktuer fan it Ruhrgebiet waard oant 1949 foar in part ûntmantele. It Ruhrgebiet krige mei it oprjochtsjen fan de EMKS nije kânsen. It '[[Wirtschaftswunder]]' yn [[West-Dútslân]] is mei te tankjen oan de EMKS.
 
Dútslân hie de grutste koalfoarrie fan de seis lidsteaten. Frankryk hie oant 1957 de kontrôle oer it [[Saarlân]]. Schuman wjerhold Frânske politisy derfan om it Ruhrgebiet permanint te besetten. Ynstee dêrfan waard de rivier de Mozel kanalisearre om sa de tagong ta it Ruhrgebiet te fersekerjen.
 
== Bestjoersstruktuer ==
*De útfierende macht fan de EMKS wie de Hegere Autoriteit (1952-1967) mei njoggen ûnôfhinklike leden. Frankryk, Dútslân en Itaalje hienen elts twa fertsjinwurdigers, de [[Benelúks]]lannen hienen elts ien.
*It Advysorgaan fertsjinwurdige belangen en hie 51 leden, ûnder oare gearstald út wurkjouwers en wurknimmers.
*Ministerrie: Gearstalling fan politisy út de lidsteaten (foarrinder fan de [[Rie fan de Jeropeeske Uny|Rie fan de Europeeske Uny]]).
*Algemiene Gearkomste: 78 leden, foarrinder fan it [[Jeropeeske Parlemint|Europeeske Parlemint]]). De Algemiene Gearkomste hold tafersjoch op de hegere autoriteit.
*Gerjochtshôf: Sân leden mei supranasjonale rjochtsspraak (rjochterlike macht, foarrinder fan it Europeeske Gerjochtshôf).