Ferskil tusken ferzjes fan "Bart Schuil"

916 bytes grutter ,  10 jier lyn
oanfolling út de LC 9-1-2010
(+ defaultsort)
(oanfolling út de LC 9-1-2010)
'''Bart Schuil''' ([[Snits (stêd)|Snits]], [[21 april]] [[1942]]), is in Nederlânske puzelmakker en betinker/gearstaller fan televyzjeprogramma's.
Hy groeide op yn de Kleasterdwersstrjitte yn Snits. Syn heit wurke by TonnemaDêr gie er nei de HBS-A en de learareoplieding Nederlânsk oan de [[Fryske Akademy]]. Op syn tweintichste gie hy yn tsjinst en bleau dêrnei yn Amsterdam hingjen. Hy leit him no ta op de handel yn antyk en is foarsitter foar de VVD yn it stedsdiel Sintrum.
 
Hy fûn wurk by útjouwerij Spectrum, Het Vrije Volk en dêrnei by in fersekeringsmaatskippij en útjouwerij Rijam Schoolagenda. Yn [[1969]] trof Schuil [[Jan Meulendijks]] dy't yn [[1968]] begûn wie as puzelmakker. Tegearre makken se letter de televyzjeproduksje IenEen Horizontaal dat middels de telefoan meispile wurde koe. De televysjesjoggers moasten in wurd foarmje fan troch elkoar mjukste letters. Hjirnei folge Wegwezen (foar autoridende pearen). It wie de oanrin nei in hiel soad oare programma's:
*AVRO's puzzeluur (in soarte [[krúswurdpuzel]] op televyzje mei Jos Brink),hjirmei wûnen se de Televizierring
*Wie-Kent-Kwis, mei Fred Oster
*Op Goed geluk
*10 voor Taal
*Rij jij of rij ik
*Prijs je Rijk
*Babbelonië (letter kopiearre as Wie Ben Ik mei André van Duyn en Ron Brandsteder)
*Dinges
*Zevensprong
*Einstein
*Prijzenslag
en yn [[Belgje]] noch Topscore en Denksportkampioen. De rjochten binne ek ferkocht oan lannen as Dútslân en Itaalje. Oer de rjochten fan Lingo en Babylonië hat eartiids in soad strideraasje west.
De beide manlju wennen en wurken tegearre oan in pân oan de Amsterdamske Singelgrêft. Yn de wykeinen hienen se in wykeinhúske by [[Blesdike]]. Se leverje puzels oan De Volkskrant en twa oare Nederlânske kranten en Meulendijk jout ek noch eigen puzelboekjes út. Tegearre rjochten se WIN-produksjes op. Yn it earstoan leveren se allinnich ideeën oan foar de televyzje mar produsearren de programma's hieltiten faker. Al gau rjochten se Win Tv Productions op. Se wienen dêrmei de earste televyzjeprodusinten fan Nederlân. De programmaformats waarden in soad kopieard, wêrnei't se de formats fêstleinen yn Amearika en gie it harren finansjeel foar de wyn. De útjouwerij fan puzelboekjes waaardwaard letter ferkocht oan VNU (Keesing) en it televyzje-produksjeburo oan Endemol. Hy organisearret yn syn Amsterdamske Staetshuys literêre jûnen en klassike konserten. Schuil sit ek yn it bestjoer fan de [[Opera Spanga]]. Yn 2007 is er troud mei Jan Meulendijks. Se waarden as earste homospan riddere troch keninginne Beatrix foar harren fertsjinsten.
 
===Utjeften===
as ko-auteur:
56.977

bewurkings