Bart Schuil: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
ferw.
Rigel 1:
'''Bart Schuil''' ([[Snits (stêd)|Snits]], [[21 april]] [[1942]]), is in Nederlânske puzelmakker en betinker/gearstaller fan televyzjeprogramma's.
Hy groeide op yn de Kleasterdwersstrjitte yn Snits. Syn heit wurke by [[Tonnemafabryk|Tonnema]]. Schuil gie yn Snits nei de HBS-A en de learareoplieding [[Nederlânsk]] oan de [[Fryske Akademy]]. Op syn tweintichste gie hy yn tsjinst en bleau dêrnei yn Amsterdam hingjen. Hy leit him no ta op de handel yn antyk en is foarsitter foar de VVD yn it stedsdiel Sintrum.
 
Hy fûn wurk by útjouwerij Spectrum, Het Vrije Volk en dêrnei by in fersekeringsmaatskippij en útjouwerij Rijam Schoolagenda. Yn [[1969]] trof Schuil [[Jan Meulendijks]] dy't yn [[1968]] begûn wie as puzelmakker. Tegearre makken se letter de televyzjeproduksje Een Horizontaal dat middels de telefoan meispile wurde koe. De televysjesjoggers moasten in wurd foarmje fan troch elkoar mjukste letters. Hjirnei folge Wegwezen (foar autoridende pearen). It wie de oanrin nei in hiel soad oare programma's:
*AVRO's puzzeluur (in soarte [[krúswurdpuzel]] op televyzje mei [[Jos Brink]]),hjirmei wûnen se de [[Televizierring]]
*Wie-Kent-Kwis, mei [[Fred Oster]]
*Op Goed geluk
*10 voor Taal
*Rij jij of rij ik
*Prijs je Rijk
*Babbelonië (letter kopiearre as Wie Ben Ik mei [[André van Duyn]] en [[Ron Brandsteder]])
*Dinges
*Zevensprong
Rigel 15:
*Prijzenslag
en yn [[Belgje]] noch Topscore en Denksportkampioen. De rjochten binne ek ferkocht oan lannen as Dútslân en Itaalje. Oer de rjochten fan Lingo en Babylonië hat eartiids in soad strideraasje west.
De beide manlju wennen en wurken tegearre oan in pân oan de Amsterdamske Singelgrêft. Yn de wykeinen hienen se in wykeinhúske by [[Blesdike]]. Se leverje puzels oan De Volkskrant en twa oare Nederlânske kranten en Meulendijk jout ek noch eigen puzelboekjes út. Tegearre rjochten se WIN-produksjes op. Yn it earstoan leveren se allinnich ideeën oan foar de televyzje mar produsearren de programma's hieltiten faker. Al gau rjochten se Win Tv Productions op. Se wienen dêrmei de earste televyzjeprodusinten fan Nederlân. De programmaformats waarden in soad kopieard, wêrnei't se de formats fêstleinen yn Amearika en gie it harren finansjeel foar de wyn. De útjouwerij fan puzelboekjes waard letter ferkocht oan VNU (Keesing) en it televyzje-produksjeburo oan [[Endemol Holding BV|Endemol]]. Hy organisearret yn syn Amsterdamske Staetshuys literêre jûnen en klassike konserten. Schuil sit ek yn it bestjoer fan de [[Opera Spanga]]. Yn 2007 is er troud mei Jan Meulendijks. Se waarden as earste homospan riddere troch [[keninginne Beatrix]] foar harren fertsjinsten.
 
===Utjeften===