Pieter Stuyvesant: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Pieter -> Peter
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: hsb:Peter Stuyvesant; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:Peter Stuyvesant.jpg|thumb|right|300px|In skilderij fan Peter Stuyvesant.]]
 
'''Peter Stuyvesant''' (ek wol Pieter of Petrus) (wierskynlik berne in [[Pepergea]], [[Weststellingwerf]], [[1611]]/[[1612]] – [[New York]] [[1672]]) wie in [[Fryslân|Frysk]] koloniaal bestjoerder. Hy wie de lêste [[Nederlân|Nederlânske]]ske bestjoerder fan [[Nij-Nederlân]]. Stuyvesant hat in wichtige rol spile yn de skiednis fan New York. Sa soarge hy ûnder mear foar in grutte útwreiding fan de delsetting [[Nij-Amsterdam]] op it súdlike part fan [[Manhattan]]. Inkele projekten fan Stuyvesant wienen de beskermingsmuorre op [[Wall Street]], it kanaal dat letter [[Canal Street]] wurde soe en [[Broadway]].
 
== Libbensrin ==
Oer Stuyvesant syn jonge jierren is net in protte wis. Der wurdt wol sein dat er yn [[1592]] of [[1602]] berne is, mar oer it algemien wurdt oannaam dat hy sa rûn [[1612]] berne is yn Pepergea. De heit fan Stuyvesant, Balthazar Johannes Stuyvesant, wie dominy yn [[Skerpenseel]] dêr't hy dan ek opgroeid is. Stuyvesant syn mem wie Margaretha Hardenstein.
 
Om [[1635]] hinne waard Stuyvesant direkteur by de [[West-Yndyske Kompanjy]] en fierde hy it befel oer de [[ABC-eilannen]]. Yn [[1644]] ferlear hy in skonke yn in gefjocht my de [[Spanje|Spanjerts]]rts op [[Sint-Marten]], wêrnei't hy it grutste part fan syn libben mei in houten poat troch it libben moast.
 
Yn maaie [[1645]] waard hy selektearre by de West-Yndyske Kompanjy om [[Willem Kieft]] te ferfangen as direkteur-generaal fan Nij-Nederlân. Op [[11 maaie]] [[1647]] kaam hy yn Nij-Amsterdam oan wêrnei't er yn septimber [[1647]] direkteur-generaal fan de Nederlânske koloanje waard.
Rigel 18:
[[Ofbyld:Stuyvesant Wolvega 05c.JPG|thumb|right|300px|It stânbyld fan Stuyvesant yn Wolvegea.]]
 
== Monuminten ==
Yn Nederlân hat Stuyvesant in trije-tal monuminten krigen. Yn [[Wolvegea]] stiet in stânbyld fan Stuyvesant mei syn houten poat. Yn Pepergea stiet in monumint mei in boat fan Stuyvesant op in stien. Ek yn Skerpenseel stiet in monumint. Dit byld is in meter as seis heech, ek hjirop stiet yn boat.
 
== Oars ==
* Stuyvesant wie in grut foarstanner fan goeie edukaasje. Yn [[1660]] waard hy sitearre mei: “Neat hat in gruttere betsjutting as de ynstruksje fan jonge bern.” Yn [[1661]] hie Nij-Amsterdam 31 skoallen. Om de grutte betsjutting fan Stuyvesant hjiryn te earen waard de [[Stuyvesant Hege Skoalle]] yn Manhatten nei him ferneamd.
* Stuyvesant syn namme komt noch yn in protte foar yn it deistich libben yn New-York. Sa is der in hegeskoalle nei him ferneamd en hat hy syn eigen strjitte: Stuyvesant Street. Ek komt syn namme werom yn de wenwyk [[Stuyvesant Town]]. De namme fan syn buorkerij komt ek in protte foar. Bygelyks yn de tsjerke wêr't hy begroeven is: Sint Mark’s Tsjerke yn-de-bouwerij
* Fan Stuyvesant wurdt sein dat hy tee yntrodusearre hat yn de [[Amearika|Amerikaanske]] koloanjes.
* Yn syn jonge jierren fierde Stuyvesant de namme Peter, mar letter waard dit ta it Latynske Petrus feroare. Yn de [[19e ieu]] feroaren de Amerikanen de namme ta Peter. Dizze namme is by it libben fan Stuyvesant nea brûkt.
* Hjoeddeis bringt [[American Tobacco]] in merke sigaretten út ûnder de namme Peter Stuyvesant.
 
== Keppelings om utens ==
* [http://www.peterstuyvesant.org/ Webstee oer it libben fan Peter Stuyvesant]
* [http://www.friesgenootschap.nl/artikelen/stuyvesant.htm/ In stik oer de jeugd fan Stuyvesant.]
* [http://www.njcu.edu/programs/jchistory/Pages/S_Pages/Stuyvesant_Peter.htm/ Stik oer it libben fan Stuyvesant tusken 1646 en 1664.]
 
[[Kategory:Weststellingwerf|Stuyvesant, Peter]]
Rigel 47:
[[fr:Pieter Stuyvesant]]
[[gl:Peter Stuyvesant]]
[[nohsb:PieterPeter Stuyvesant]]
[[it:Peter Stuyvesant]]
[[ms:Peter Stuyvesant]]
[[no:Pieter Stuyvesant]]
[[nl:Peter Stuyvesant]]
[[no:Pieter Stuyvesant]]
[[pl:Peter Stuyvesant]]
[[pms:Peter Stuyvesant]]